Dick Brouwer (fersetsstrider)
Dick J. Brouwer (Wassenaar, 11 febrewaris 1917 – Snits, 14 juny 1996) wie in fersetsstrider yn de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch.
Brouwer, dy't yn de oarloch de skûlnamme Bontje brûkte, wie ien fan de leden fan de Groep Lever. Hy wurke by de plysje yn Snits op it plysjeburo oan it Martiniplein. Yn dizze funksje spile er in soad gegevens troch oan de ferskillende fersetsgroepen. Brouwer wie ek lid fan de Snitser Knokploech en wie behelle yn it ûnderbringen fan ûnderdûkers, de útjefte fan fersetskrante BBC-nieuws.
Plysjeburo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plysjeburo fan Brouwer hawwe twa oerfallen west troch it ferset. Brouwer spile hjirby in kaairol. It buro waard yn de oarloch troch de besetter brûkt foar it opsluten fan ûnderdûkers en ûndergrûnske wurkers. By de oerfallen (yn febrewaris en maart 1945) waarden yn totaal 28 minsken befrijd. Nei de lêste oerfal krigen de Dútsers der erch yn en moast Brouwer ûnderdûke.
Yn Snits is in strjitte yn de wyk Swetteplan nei him ferneamd; de Dick Brouwerstrjitte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |