Diadeemwilster
| diadeemwilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Phegornis mitchellii | ||||||||||||
| Fraser, 1845 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De diadeemwilster (Phegornis mitchelliiis) is in fûgel yn it monotypyske skaai diadeemwilsters (Phegornis) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De diadeempiper is in lytse kompakte wilster fan 16,5 oant 19 sintimeter lang. De fûgel hat in swarte kop mei in wite streek boppe it each, in kastanjebrúne nekke, in wite kiel, in mei swart bandearre boarst en in wite búk. De wjukken binne relatyf koart. De fûgel hat yn ferlikening mei oare wilsters in lange en smelle snaffel, dy't mear tinken docht oan dy fan 'e grilken.
Fesprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt yn heechlizzende sompen fan súdlik Perû oant westlik Argentynje en eastlik Sily oantroffen. Neffens DNA-stúdzjes is de soarte it meast besibbe oan 'e readboarstwilster.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De diadeemwilster briedt op grutte hichten fan 3.500 oant 5.000 meter boppe seenivo yn 'e saneamde puna-sône. Hy mei graach op wetterryk en moasich tûndragebiet wêze, lykas Distichia-sompen, mar is ek op grint of gers yn oerstreamingsflakten en by marren te finen. Hy leit twa oliifgrize aaikes mei swarte plakken tusken oktober en desimber yn Sily en yn jannewaris yn Bolivia. Nei it brieden migrearret er nei legere dielen oant sawat 2.000 meter boppe seenivo.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De diadeemwilster is in seldsume soarte mei in populaasje dy't rûsd wurdt op mar 1.500 oant 7.000 folwoeksen fûgels. Der wurdt ek tocht dat er yn oantal ôfnimt mei't it habitat fan 'e fûgel omset wurdt nei greide of troch turfwinning. It nochal ôfhandich lizzend ferspriedingsgebiet fan 'e soarte beskermet de fûgel nei alle gedachten tsjin in slimmere delgong. De IUCN kategorisearret de diadeemwilster op 'e Reade list as hast bedrige (Near Threatened, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
