Deurningen
| Deurningen | ||
| Sint-Plechelmustsjerke | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | Dinkellân | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.991 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oerflak | 18,47 km², dêrfan lân 18,41 km² dêrfan wetter 0,06 km² | |
| Offisjele webside | ||
| deurningen.nl | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje fan Deurningen yn 'e gemeente Dinkellân | ||
Deurningen is in tsjerkedoarp yn 'e Twintske gemeente Dinkellân yn 'e provinsje Oerisel. It doarp leit noardeastlik fan Hengelo. Oant 1 jannewaris 2001 makke it doarp diel út fan 'e gemeente Weerselo, dy't mei de eardere gemeenten Oatmarsum en Denekamp gearfoege waard ta de gemeente Dinkellân. Op 1 jannewaris 2023 telde it doarp 1.995 ynwenners.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Deurningen leit oan 'e Deurningerbeek, dy't fan it súdwesten fan Oldenzaal nei Hertme en Zenderen meänderet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan 'e namme Deurningen is net ienfâldich te ferklearjen. Yn âlde geskriften is it meast net dúdlik oft it om Deurningen of om Noard Deurningen giet, in doarp tusken Denekamp en Nordhorn dat hjoed-de-dei ek yn 'e gemeente Dinkellân leit. De buorskip Deurningen wienen yn 'e Midsiuwen in marke ûnder it rjochteramt Oldenzaal. Doe foel Deurningen ek ûnder de parochy fan Oldenzaal, lykas in soad oare omlizzende doarpen.
Yn 1665 skiede Deurningen him tegearre mei Rossum, Saasveld en De Lutte ôf fan dizze parochy. Oant 1760 foel Deurningen dêrnei ûnder de parochy Saasveld. Sûnt wie it doarp in selsstannige parochy. As tsjerkepatroan waard Sint-Plechelmus keazen, in Skotske muonts út de 8e iuw, waans nammedei op 8 maaie fierd wurdt. Dy kar lei foar de hân fanwegen de histoaryske bannen mei de parochy yn Oldenzaal. Yn 1787 waard de earste tsjerke fan Deurningen foltôge.
Yn 1885 waarden de parochygrinzen offisjeel fêstlein. Onder de parochy Deurningen foel sûnt dy tiid it buorskip Hasselo (wêr't no de Hengelooske wyk Hasseler Es leit), Gammelke en in grut part fan Deurningen. Yn 'e 20e iuw waarden de grinzen fan 'e parochy Deurningen ferskate kearen oanpast, benammen fanwegen de útwreiding fan 'e stêden Oldenzaal en Hengelo. It doarp is noch jimmeroan foar in grut roomsk-katolyk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dinkellân | ||
|---|---|---|
| Stêd: Oatmarsum | ||
| Doarpen: Ald Oatmarsum • Denekamp • Deurningen • Lattrop • Noard Deurningen • Rossum • Saasveld • Het Stift • Tilligte • Weerselo | ||
| Buorskippen: Agelo • Beekdorp • Berghum • Breklenkamp • Dulder • Gammelke • Lemselo • Nijstad • Noordijk • Nutter • Volthe • Zoeke | ||
| Wetter: Deurningerbeek • Gammelkerbeek • Roelinksbeek • Saasvelderbeek • Spikkersbeek | ||
