Desorihaai
| Desorihaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
In fossilisearre tosk en wringe út 'e kolleksje fan Naturalis te Leien. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Isurus desori | ||||||||||||
| Agassiz, 1843 | ||||||||||||
| status: útstoarn (fossyl) | ||||||||||||
De Desorihaai (wittenskiplike namme: Isurus desori) is in útstoarne haai út it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) en it skaai fan 'e echte makrielhaaien (Isurus). Dit bist libbe fan it Ier-Oligoseen oant it Mid-Mioseen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Desorihaai waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1843 troch de Switserske paleöntolooch Louis Agassiz yn syn publikaasje Recherches sur les Poissons fossiles ("Undersiken nei Fossile Fisken"). De oarspronklike wittenskiplike namme fan dit bist wie Oxyrhina desori. Dy oantsjutting datearret út in tiid dat it foar auteurs noch net wenst wie om in etymology fan troch harren keazen namme by de beskriuwing te dwaan. Dat betsjut dat men bytiden mar riede moat nei wat der oarspronklik krekt mei bedoeld waard. De skaainamme Oxyrhina is Latyn foar "puntsnút", mar wat it soartspesifike diel desori ynhâldt, is net alhiel dúdlik. Der wurdt wol oannommen dat in toponym is.
It skaai Oxyrhina waard fan it begjin oant de midden fan 'e tweintichste iuw as in soarte fan sammelbak brûkt foar fossile haaien út it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) dy't nearne oars teplak brocht wurde koene. It waard hieltyd dúdliker dat dy yndieling net striek mei de wurklikheid. It skaai waard dêrom úteinlik hielendal ôfskaft, mar tsjin dy tiid wie de Desorihaai al oerpleatst nei de skaai fan 'e echte makrielhaaien (Isurus). It tinken mank saakkundigen is no dat it de foarâlder wie fan 'e beide libbene soarten út dat skaai, de koartfinmakrielhaai (I. oxyrhynchus) en de langfinmakrielhaai (I. paucus). De Desorihaai is nei alle gedachten ek besibbe oan ferskate oare fossile haaien, lykas de breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis) en de reuzeminskehaai (Carcharodon plicatilis), mar hoe't it krekt sit mei de ûnderlinge relaasjes tusken dy soarten, is noch net dúdlik.
In diel fan 'e paleöntologen hinget de teory oan dat de Desorihaai eins in iere foarm fan 'e koartfinmakrielhaai wie. Dat soe betsjutte dat Isurus desori in jonger synonym is fan Isurus oxyrhynchus. De mearderheid fan 'e saakkundigen beskôge dizze beide haaien lykwols as aparte soarten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fossilen fan 'e Desorihaai binne fûn yn 'e Feriene Steaten (om 'e Chesapeakebaai hinne en yn Noard- en Súd-Karolina), Dútslân, Itaalje (op Sisylje), Kroaasje, Tsjechje, Perû, Japan en Afrika. Dat suggerearret dat dit bist in hast kosmopolityske fersprieding hie, mooglik mei útsûndering fan 'e Yndyske Oseaan.
Datearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saakkundigen ornearje, de Desorihaai libbe fan it Ier-Oligoseen oant it Mid-Mioseen, fan likernôch 32,5 miljoen oant 12,1 miljoen jier lyn.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|
