Springe nei ynhâld

Desersje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Desertearjen)

Desersje (fan it Frânske désertion) is it permanint ferlitten fan in kriichsmacht sûnder dêr tastimming foar krigen te hawwen. Dat is in misdriuw dêr't swiere straffen op steane. Immen dy't him oan desersje skuldich makket, is in deserteur; it begean fan desersje is desertearjen. De bedoeling om net mear werom te kearen ûnderskiedt desersje fan in minder earnstich fergryp, dat ferskillende nammen hat, lykas net-tastiene ôfwêzigens of absinsje sûnder ferlof. It wegerjen fan militêre tsjinst as gewissebeswierde is gjin desersje. As ferskynsel kaam desersje al foar yn 'e Aldheid en it is nea wer ferdwûn. Redens foar desersje kinne bgl. wêze: leffens, ûnwennigens (nei hûs), oarlochswurgens of abominale libbensomstannichheden oan it front. Yn kriichsmachten dy't gebrûk meitsje fan hierlingen of tsjinstplichtigen, sil desersje mear foarkomme as mank beropsmilitêren. Om't in kriichsmacht al syn slachkrêft kwytreitsje kin as in protte soldaten desertearje, besiket de legerlieding ornaris út alle macht it near op desersje te lizzen. Deserteurs wurde, ynsafier't se pakt wurde, berjochte troch de kriichsrie.

Yn Nederlân is desersje as misdriuw fêstlein yn kêst 100 fan it Wetboek fan Militêr Strafrjocht. Desersje wurdt dêr omskreaun as in net-tastiene ôfwêzigens dy't langer duorret as 30 dagen of, yn tiid fan oarloch, langer as 7 dagen. Der is al sprake fan desersje by koartere ôfwêzigens as de dieder dêrmei besiket him oan syn tsjinstplicht te ûntlûken of om oer te rinnen nei de fijân. Ek is it desersje as in militêr troch syn net-tastiene ôfwêzigens in útstjoering nei it bûtenlân misrint. De straf foar desersje is yn Nederlân 2 jier finzenisstraf of in boete fan 'e fjirde kategory yn tiid fan frede, of 71/2 jier finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde kategory yn oarlochstiid. Dat is noch frij myld; fral yn it ferline stie yn in protte lannen op desersje yn oarlochstiid de deastraf. Yn guon lannen is dat no noch sa. Yn Nederlân waard by de Dútske ynfal yn maaie 1940 in sersjant Chris Meijer foar desersje eksekutearre. Dat barren waard letter faak bekritisearre.

Under it ynternasjonaal rjocht bestiet op papier ien útsûndering op 'e strafberens fan desersje: as in militêr troch de oerheid fan syn lân of troch in superieur befelle wurdt ta it begean fan in oarlochsmisdie. It Hegekommissariaat foar de Flechtlingen fan 'e Feriene Naasjes erkende yn dat ferbân yn 1998 dat "persoanen dy't [al] militêre tsjinst ferfolje, gewissebeswieren ûntwikkelje kinne". Yn 2005 wie dit prinsipe lykwols net genôch om 'e Amerikaanske deserteur Jeremy Hinzman, dy't sei dat er yn 'e Irakoarloch opdracht krigen hie ta it ferrjochtsjen oarlochsmisdieden, te beskermjen tsjin útlevering troch Kanada, dêr't er polityk asyl oanfrege hie, oan syn heitelân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Works Cited, References en Further Reading, op dizze side.