Springe nei ynhâld

Derby's parkyt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Derbyparkyt)
Derby's parkyt
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaiealparkiten (Psittacula)
soarte
Psittacula derbiana
Fraser, 1852
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

Derby's parkyt of de derbyparkyt (Psittacula derbiana) is in pappegaaieftige fan it skaai ealparkiten út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).

Mantsje en wyfke yn finzenskip.

De 46 oant 50 sm lange fûgel is in grutte ealparkyt. De kop is foar in grut part lavindel fan kleur en tusken de eachen rint in swarte bân, dy't by it each yn in turkwaze kleur oergiet. In bredere swarte bân is te sjen ûnder de snaffel oant ûnder de earen. It wyfke hat gjin turkwaze kleur om it each en hat in effen swarte snaffel, wylst de boppesnaffel fan it mantsje read is en in giele punt hat. Juvenilen binne oer it generaal fealer en ha in griene kop.

Fanôf de nekke en de rêch is de fûgel grien mei gielige dielen op 'e wjukken. De ûnderkant is lavindel oant ljochtpears en giet foarby de búk yn grien oer. De sturt is blau mei oan 'e rânen grien en fan ûnder gieleftich.

De fûgel is in stânfûgel yn Tibet (Sina) en Arunachal Pradesh (Yndia). De fûgel libbet yn nullebosk, mingd bosk, tusken rododendrons en dellings mei in kultuerlânskip op in hichte tusken 1.250 en 4.000 m.

De fûgels ite sied fan 'e Pinus tabulaeformis, koarn, katsjes fan populierebeammen en fruit en mooglik ek beien, knoppen en wringeleaze dierkes. Se kinne foar boeren in lêst wêze troch oan it rypjende fruit te fretten of maisfjilden ôf te strûpen. De soarte hat in nêst yn in beamholte fan 'e Populus ciliata en de wyfkes lizze twa oant fjouwer aaien.

Der is gjin rûzing fan 'e oantallen fûgels fan 'e populaasje, mar yn 1997 wie de soarte noch frij algemien. Oannommen wurdt dat de soarte te lijen hat fan 'e fangst út de natuer foar de hannel yn koaifûgels. Dat soe bliken dwaan út it oantreffen fan 'e fûgels op ynternasjonale merken yn bygelyks Algerije, Palestina, Singapoer en Taiwan, alhoewol't it net altiten dúdlik is of it om yn finzenskip fokte fûgels of fûgels út de natuer giet. De prizen lizze lykwols heech en dêrom soe it fangen fan 'e fûgels út de natuer hiel goed mooglik wêze. Dêrfoar oer stiet dat de soarte it measte foarkomt op grutte, efterôflizzende hichten, dêr't gjin eksploitaasje is.

Op 'e Reade list fan 'e IUCN is de soarte dêrfom as gefoelich klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: