Springe nei ynhâld

Der kommer en dag (film út 2016)

Ut Wikipedy
Der kommer en dag
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurJesper W. Nielsen
produsintPeter Aalbæk Jensen
Sisse Graum Jørgensen
Louise Vesth
senarioSøren Sveistrup
filmstudioNordisk Film
spilers
haadrollenHarald Kaiser Hermann
Albert Rudbeck Lindhardt
Lars Mikkelsen
Sofie Gråbøl
skaaimerken
lân/lannen  Denemark
premiêre21 april 2016
sjenredrama
taalDeensk
spyltiid119 minuten

Der kommer en dag ("Der komt in dei") is in Deenske dramafilm út 2016. De film is basearre op wier barren yn 'e jierren 1960 yn it jongeshûs Godhavnm dat yn 'e film Gudbjerg hjit. Ynternasjonaal waard de film as bioskoopfilm útbrocht ûnder de titel The Day Will Come en yn maart 2017 stjoerde de Deenske DR 2 de film as trijedielige minisearje út. Der kommer en dag is regisearre troch Jesper W. Nielsen.

It drama spilet him yn 'e tiid fan 'e jierren 1960 ôf. Der wurdt demonstrearre tsjin de oarloch yn Vietnam en de earste lanning op 'e moanne is oansteande. President John F. Kennedy kundige de moannelanning yn 1962 oan mei de wurden "the day will come".

Om 't harren mem kanker kriget en net mear foar har soannen soargje kin, wurde de twa bruorren Erik en Elmer ynearsten tydlik yn in ynternaat Gudbjerg opnommen. Erik (13) is de âldste fan 'e twa en Elmer (10) is de jongste.

Oan it haad fan dat ynternaat stiet de rjochtlinige direkteur Heck, dy't syn opfiedingsmetoades mei hurde hân tapast. It personiel wurket mei, faak út leffens of om't se graach yn it goed bledsje by him stean. Liifstraffen en seksuëel misbrûk komme ek in soad foar op it ynternaat. Foar Erik en Elmer brekt der in oare tiid oan, se moatte hurd wurkje en sliepe yn grutte keamers, wylst de gruttere jonges net altiten like noflik binne foar de jongere. De klompfoet en syn dream om astronaut te wurden makket it libben yn it ynternaat foar Elmer noch dreger.

Ynearsten besykje de beide bruorkes út te piken, mar dat slagget net en hja akseptearje lang om let dat hja harren frijheid kwyt binne. Op advys fan ien fan 'e oare jonges gedrage hja har sa ûnopfallend mooglik, al falt soks net ta. Nei ferrin fan tiid krije de jonges it berjocht dat harren mem stoarn is. In broer fan 'e mem wol de jonges út it ynternaat helje en besiket de soarch foar syn omkessizzers op him te nimmen, mar dat slagget him net om't er allinnich is en gjin mooglikheden hat om der altiten foar de bern te wêzen. As it ynternaat ûnferwachts ynspeksje kriget, liket der in kâns op feroaring, mar nimmen doart wat oer de misstannen te sizzen en der feroaret neat oan it hurde rezjym.

De bern bliuwe op it ynternaat oant se 15 wurde en dêrnei geane de jonges nei in oar hûs. Dy dei komt foar Erik tichterby, mar op 'e dei fan 'e moannelanning yn 1969 kriget Erik lykwols te hearren dat er dêr oant syn achttjinde bliuwe moat. Op dat stuit wurdt Erik sa lilk, dat er yn bywêzen fan 'e direkteur in kras op dy syn auto makket. Tegearre mei noch in meiwurker mishannelet Heck Erik sa bot, dat Erik yn koma rekket en der slim oan ta is. Erik moat nei it sikehûs, mar Heck wegeret dat om't it dan útkomt hoe't de bern dêr mishannele wurde. Om syn broer te rêden freget Elmer oan Heck tastimming om nei Kopenhagen te gean, sabeare om in besite te bringen oan it haadpostkantoar om 't skielk graach as postrinner wurkje wol. Hy kriget dy tastimming en makket fan 'e gelegenheid gebrûk om kontakt op te nimmen mei Lilian Hammershøj, in eardere ûnderwizeres fan it ynternaat, dy't út ûnfrede mei de gong fan saken op it ynternaat dien naam. Tegearre geane hja nei de ynspeksje.

Foar de film stie it jongesynternaat Godhavn yn Tisvildeleje model foar it fiktive Gudbjerg. Nei oanlieiding fan it earste Deenske ûndersyk nei bernemishanneling yn weeshûzen waard yn 2010 rapport útbrocht. Dat ûndersyk waard ynsteld neidat de publike omrop DR in dokumintêre yn 2005 útstjoerde mei ferklearringen fan weesbern en personielsleden oer misbrûk, ferwaarloazing en medyske eksperiminten by jonges fan Godhavn yn 'e jierren 1960. Yn 2019 bea premier Mette Frederiksen offisjeel har ferûntskuldigingen oan 'e slachtoffers oan. De roman "Drengen fra Godhavn" fan Ole Tornbjerg út 2015 giet ek oer dy tematyk.

personaazje akteur/aktrise    
Lars Mikkelsen Frederik Heck (direkteur)
Sofie Gråbøl Lilian Hammershøj
Harald Kaiser Hermann Elmer
Albert Rudbeck Lindhardt Erik
Laurids Skovgaard Andersen Thøger & voice-over
Lars Ranthe Toft Lassen (learaar)
Søren Sætter-Lassen Aksel (learaar)
Jens Jørn Spottag ynspekteur
David Dencik Hartmann (ynspekteur)
Sonja Richter mem fan Erik en Elmer
Paw Henriksen omke fan Erik en Elmer
Solbjørg Højfeldt frou Oskarson
Lucas Helt Mortensen Røde
Oskar Damsgaard Topper
  • 2017 Robert: bêste film, senario (Søren Sveistrup), mannelike byrol (Lars Mikkelsen), froulike byrol (Sofie Gråbøl), kostúmûntwerp en product design.
  • 2017 Bodil: bêste mannelike byrol foar Lars Mikkelsen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: