Der Zauberberg
![]() |
Dit artikel is in stobbe oer literatuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |

Der Zauberberg (Dútsk, "De Tsjoenberch") is in roman fan de Dútske skriuwer Thomas Mann. Doet er it ferhaal begûn yn 1913, wie syn doel en skriuw in novelle, mar doet er it ferhaal foltôge hie yn 1924, wie it twa parten wurden, publisearre troch S. Fischer Verlag. Thomas Mann brûkt de tradisjonele edukative romanfoarm yn in ironyske trant. Tusken dat er begûn en doe't er it ferhaal ôfmakke, wie syn wrâldbyld flink feroare, benammen troch de oarloch. De roman ûntjoech him ta in genedeleaze konfrontaasje mei de hâldings en tinkpatroanen dy't lieden ta de Wrâldoarloch. It boek is net ferskynd yn it Frysk.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De roman spilet him ôf yn de bercheftige streken om Davos hinne. In jonge Dútske boarger, Hans Castorp, komt nei it lúkse sanatoarium "Berghof" yn Davos en besykje syn sike neef. It wurdt in tige lange besite neidat dokter Hofrat Behrens fêststelt dat Hans Castorp ek siik is fan tuberkuloaze. Hy bliuwt dêrtroch sân jier. Yn 'e heechlannen krijt er in folslein oar perspektyf op it libben en komt er in oar tiidrek yn. Hy leart in soad fan de frijmitseler en skriuwer Settembrini en wurdt fereale op Claudia Chauchat.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Der Zauberberg waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.