Denhamtrap
| denhamtrap | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Neotis denhami | ||||||||||||
| Children & Vigors, 1826 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De denhamtrap of Denhams trap (Neotis denhami) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). It is ien fan 'e gruttere trapsoarten. De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet yn Afrika.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
(C.G. Finch-Davies).
De denhamtrap is de grutste soarte út it skaai Neotis, mar is lytser as de trapsoarten út it skaai Ardeotis, lykas de koarytrap en de grutte Yndyske trap. It mantsje is 100–116 sm lang en weaget 9 oant 10 kg. It wyfke is mei in lingte fan 80–87 sm en in gewicht fan 3 oant 4 kg gâns lytser.
De rêch is brún, by it mantsje donkerder en minder tekene as by it wyfke. De ûnderkant is wyt. De hals is ljochtgriis, mei efter yn 'e nekke in opfallende oranjebrune oant kastanjebrune kleur. De grize krún wurdt oan wjerskanten begrinzge troch swarte fearren. Troch it each rint in swarte streek, mei dêr boppe in opfallende wite eachstreep. De lange poaten binne gielich fan kleur en de snaffel is hoarnkleurich oant wytich.
De wjukken hawwe in opfallend patroan fan brún, wyt en swart. Yn 'e flecht lit it mantsje folle mear wyt yn 'e wjukken sjen as it wyfke of jonge fûgels.
Yn 'e balts blaast it mantsje de kiel op, wêrtroch in grutte, opfallende bal fan wite fearren ûntstiet. De denhamtrap is bûten de balts oer it generaal in stille fûgel.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze soarte hat in grut ferspriedingsgebiet fan likernôch 20.700.000 km². Der wurde trije ûndersoarten erkend, mei in grut, mar fersnipele ferspriedingsgebiet:
- N. d. denhamide - nominaatfoarm komt foar fan West-Afrika oant yn it noarden fan Oeganda en Sûdan.
- N. d. jacksoni - fan Kenia oant súdlik Kongo en súdlik Afrika;
- N. d. stanleyi - yn it uterste suden fan Mozambyk, Súd-Afrika en Swazylân.
De soarte libbet yn licht beboske savannes, op drûch en fochtich gerslân, boulân en ynsiede greiden, fan seenivo oant likernôch 3.000 meter hichte. De soarte is foar in grut part trekfûgel of nomadysk, ôfhinklik fan 'e regio en de delslach.
Iten en fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De denhamtrap yt benammen ynsekten, lytse wringedieren en plantaardich materiaal. It briedseizoen is fariabel en liket him oan te passen oan 'e delslach. In lechsel bestiet út ien of twa aaien.
Bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Sahel en West-Afrika is bejaging de wichtichste oarsaak fan 'e efterútgong fan 'e soarte. Yn East- en Súdlik Afrika foarmje habitatferlies en botsingen mei elektrisiteitsliedingen de grutste bedrigingen. Omsetting fan gerslân yn lânbougrûn of kommersjele boskbou liedt ta it habitatferlies. Yn Súd-Afrika binne botsingen mei heechspanningsliedingen de wichtichste oarsaak fan 'e ôfname. De soarte is opnommen yn CITES-bylage II, wêrtroch de ynternasjonale hannel regele wurdt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje nimt ôf. Yn súdlik Afrika wurdt de populaasje rûsd op 2.500 oant 10.000 folwoeksen fûgels. De denhamtrap stiet sûnt 2025 as gefoelich (Near Threatened, NT) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Afrikaanske grutte trap
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
