Denekamp
| Denekamp | ||
| Doarpssintrum | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | Dinkellân | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 10.317(1 jannewaris 2023) | |
| Oerflak | 29,61 km², dêrfan lân 29,23 km² dêrfan wetter 0,39 km² | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Simmertiid | UTC+2 | |
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje fan Denekamp yn 'e gemeente Dinkellân | ||
Denekamp (Nedersaksysk: Dearnkaamp of Deankaamp) is in plak yn Twinte yn 'e Nederlânske provinsje Oerisel. Denekamp leit oan 'e Dinkel en hat likernôch 10.317(1 jannewaris 2023) ynwenners. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2001 wie Denekamp it haadplak fan 'e gemeente mei deselde namme. Yn dat jier waarden de eardere gemeenten Denekamp, Ootmarsum en Weerselo gearfoege ta de hjoeddeiske gemeente Dinkellân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Denekamp is ûntstien op in plak dêr't it wetter fan 'e rivier de Dinkel net komme koe. Germanen, mooglik Tubanten of Ampsivaren, stiften dêr om it jier 200 hinne in delsetting. Yn 933 wurdt it doarp Daginghem neamd. Dy namme komt fan de Saksyske persoansnamme Dago of Dano en it wurd heem (hiem), dat wenplak betsjut. Yn 1385 wurdt it doarp neamd as Degeninchem, en yn 1677 wurdt de namme Degenkamp dokumintearre.
It kerspel Denekamp bestie út 'e buorskippen Denekamp, Noard Deurningen en Beuningen (no yn 'e gemeente Losser). It wiene nau gearhingjende, faak sletten mienskippen. Denekamp en Noard Deurningen foelen ûnder it lânsgerjocht Ootmarsum, wylst Beuningen ûnder it lânsgerjocht Oldenzaal foel.
Om 'e 15e iuw hinne wie Denekamp in doarp mei sa'n hûndert huzen, ferspraat lâns de doarpsstrjitte yn 'e buert fan in tsjerke. Dizze Sint-Nikolaastsjerke waard yn 'e 13e iuw fan Bentheimer sânstien boud. De toer mei klokken út 1518, 1530 en 1985 is 15e-iuwsk en yn 1912 fergrutte mei in troch arsjitekt Wolter te Riele ûntwurpen neogoatyske eastlike útwreiding. De tsjerke is in monumint yn it sintrum fan it doarp.

Denekamp wurdt sterk karakterisearre troch it roomsk-katolike leauwe. Yn 'e omkriten lizze in pear kleasters. De fransiskanessen fan Denekamp foarmje in aparte kongregaasje. Yn it kleaster fan dizze kongregaasje wenne kardinaal Johannes Willebrands yn syn lêste libbensjierren.
De minsken yn it doarp wiene oant yn 'e 19e iuw foar it grutste part boer. Stadichoan hawwe in soad pleatsen plak makke foar wenten en winkels. Yn 'e tiid fan it karnaval wurde de ynwenners Köttelpeer'n neamd.
Wiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Denekamp hat bûten it sintrum in tal grutte wenwiken mei in soad grien. Mei mear as 2.000 ynwenners is Janskamp de grutste wenwyk fan it doarp. Kerker Esch, Klokkenberg en Diepengoor binne âldere wiken. Nije wenwiken binne 't Pierik en it Remerink; dy lizze yn it easten fan Denekamp.
Omkriten en rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
By Denekamp leit it lângoed Singraven. Tichtby it lângoed leit de histoaryske wettermûne it Singraven. Dêrnjonken steane der noch twa nôtmûnen yn Denekamp, de Borgelinkmûne en de Nije Mûne of Sint-Nikolaasmûne.
Yn Denekamp wurdt alle jierren yn 'e hjerst troch de mienskiplike horeka de Herfst-tintentocht organisearre. Dêrfoar wurde spesjaal kuier-, fyts- en autorûtes útset. As der snie leit, wurde yn 'e omkriten fan Denekamp rûtes foa rit langlaufen útset.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e wei nei Oldenzaal leit it natuerhistoaryske Museum Natura Docet. De Latynske namme betsjut ‘de natuer leart’. Dit museum waard yn 1911 stifte troch de doarpsûnderwizer master Bernink. It museum is it âldste museum fan dit type yn Nederlân. It gebou waard fan 2002 oant 2005 renovearre en op 'e nij ynrjochte. Yn 2006 waard der bûten it gebou in belibbingstún oanlein mei ferskate biotopen.
Tradysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kloatsjitten en midwinterhoarnblazen binne âlde tradysjes dy't populêr binne yn Denekamp. Yn 'e Peasketiid wurdt op Palmpeaske it eiergadder'n organisearre. Op stille saterdei wurdt hout sammele foar it peaskefjoer. Op Peaskesnein wurdt in beam (in spjirre) by it lângoed Singraven helle en nei de peaskegreide sleept. Dêr wurdt in tarretonne oan hongen. Nei it oereinsetten fan 'e beam wurdt dy troch Judas ferkocht. De tarretonne wurdt tegearre mei it peaskefjoer op Peaskesnein yn 'e brân stutsen.
| Dinkellân | ||
|---|---|---|
| Stêd: Oatmarsum | ||
| Doarpen: Ald Oatmarsum • Denekamp • Deurningen • Lattrop • Noard Deurningen • Rossum • Saasveld • Het Stift • Tilligte • Weerselo | ||
| Buorskippen: Agelo • Beekdorp • Berghum • Breklenkamp • Dulder • Gammelke • Lemselo • Nijstad • Noordijk • Nutter • Volthe • Zoeke | ||
| Wetter: Deurningerbeek • Gammelkerbeek • Roelinksbeek • Saasvelderbeek • Spikkersbeek | ||