Australyske fluitein
| Australyske fluitein | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Dendrocygna eytoni | ||||||||||||
| Eyton, 1838 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Australyske fluitein (Dendrocygna eytoni) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e acht soarten fan it skaai fluiteinen (Dendrocygna).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Folwoeksen fûgels wurde 40 oant 60 sm lang, wege likernôch 500 oant 1500 gram en hat in spanwiidte fan 75 oant 90 sm. Se ha lykas oare fluiteinesoarten lange poaten. De fûgel hat in bûnte rôze snaffel en opfallende rjemmekleurige, omheech rjochte sierfearren op 'e flanken. Fierder is de ein ljochtgriis oant griisbrún mei streken op 'e búk. By jerken is de iris helder oranje en by sijkes giel. Der is fierder gjin opfallend seksueel dimorfisme.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Australyske fluitein libbet yn it noarden en easten fan Austraalje. It ferspriedingsgebiet hat him sûnt de jierren 1950 yn it súdeasten útwreide mei't de soarte profitearre fan 'e ûntwikkeling fan 'e lânbou yn 'e regio. It oanmeitsjen fan lân ta greide, opslachmarren en yrrigaasjewurken joegen de fûgel nij biotoop. De fûgel is dwaalgast yn Nij-Guineä en Nij-Seelân.
In bolwurk fan 'e fûgel is it iepene gerslân yn it westen fan Queensland. Se weidzje ek op greide en binne faak oan 'e râne fan wetter te sjen. Yn 'e gebieten mei moesson foarmje de fugels yn 'e drûge tiid grutte kloften by marren of gebieten dy't noch net ferdrûge binne. Om 't de einen net yn it wetter nei iten sykje makket it de soarte net folle út of de wettergebieten marren, fivers, rivieren, opslachmarren, splis lân of rysfjilden binne.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels yt hast allinne planten. It grutste part fan it iten fine se op it lân, tusken de begroeiïng fan iggen en op stoppelân. By it gerskjen foarmje de fûgels faak grutte groepen. Se foerazjearje meast yn 'e nacht. Wat se oan 'e wetterrâne of op it wetteroerflak fine is net fan grutte betsjutting op harren dieet. Op it wetter foarmje de fûgels minder tichte groepen as op it lân.
Se lizze heech yn it wetter en swimme stadich. Yn 'e flecht hâlde se de kop leger as de rêch en litte se de poaten hingje. De wjukslach is stadich. As se skrikke fleane se fakentiden lûd fluitsjend op.

Australyske fluiteinen foarmje yn 'e drûge tiid faak grutte groepen fan wol tûzenen fûgels. By it oanbrekken fan 'e reintiid ferdiele de fûgels harren wer oer it gerslân.
Se briede yn 'e reintiid, trochstrings fan jannewaris oant maart, mar ek wol oant april en yn guon gefallen oant yn maaie. Se ha ien lechsel yn 't jier fan acht oant tolve aaien. It nêst wurdt tusken heech gers of oare beskermjende begroeiïng boud.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje fan 'e Australyske ein is stabyl en de fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel op 'e Reade list as net bedrige.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dit artikel is foar in part in oersetting fan it Dútsktalige artikel. Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:Gelbfuß-Pfeifgans
|
