Demen
| Demen | ||
| Maasdyk | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 175 (2024)[1] | |
| Oerflak | 2,16 km², - lân 2,08 km² - wetter 0,08 km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51°48' N 5°37' E | |
| Kaart | ||
Demen is in doarpke oan 'e Maas yn 'e Noard-Brabânske gemeente Oss.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1810 foarme Demen mei Langel in selsstannige gemeente. Doe't it Keninkryk Hollân yn 1810 troch Frankryk anneksearre waard, waard de gemeente Demen en Langel yn opdracht fan Napoleon Bonaparte gearfoege mei de gemeente Dieden, wêrnei't de gemeente Dieden, Demen en Langel ûntstie. Dieden wie it haadplak fan dy gemeente. Yn 1923 waard dy gemeente ûnderdiel fan 'e gemeente Ravenstein, dy't op 1 jannewaris 2003 ûnderdiel waard fan 'e gemeente Oss.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp soe de namme te tankjen ha oan it rivierke de Deemen, dat by Demen yn 'e Maas útmûne. Der is lykwols gjin oanwiziging foar it bestean fan it rivierke. Hjoed-de-dei wurdt dêrom tocht dat Demen fan it Latynske wurd dominus stamt, dat hear betsjut en op in âlde hearlikheid of allodium wize soe.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As wenplak bestiet it doarpke nei alle gedachten al sûnt de 11e iuw. Demen hearde eartiids ta it Lân fan Ravenstein en de Sint-Willibrordustsjerke waard tusken 1648 en 1795 wichtich foar de ynwenners fan Batenburg en omkriten, dy't oan 'e oare kant fan 'e Maas yn 'e regio Lân fan Maas en Waal lei. Dêr wie gjin religieuze frijheid en de tsjerke wie sûnt 1608 troch de protestanten yn gebrûk. Katoliken út it tichteby lizzende Dieden, dêr't de tsjerke sûnt 1614 ek yn 'e hannen fan protestanten fallen wie, kamen ek nei Demen om de misse by te wenjen.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Sint-Willibrordtsjerke is in foarse neogoatyske tsjerke út 1857. It fûnemint fan 'e toer datearret lykwols út 'e 15e iuw. Doe't de nije tsjerke boud waard, wie it de bedoeling dat de toer apart bliuwe soe, mar de autoriteiten wiene bang dat er ynstoarte soe. Dêrom waard de toer wer oan 'e tsjerke fêstmakke. By de tsjerke stiet in Hillich-Hertbyld út 1941.
- It doarp hat in oantal moaie 17e- en 18e iuwske pleatsen. Oan 'e Burgemeester Canersstraat 2 stiet in pleats út 1745, dy't noch jimmeroan syn orizjinele griene glêsruten hat. Op 'e boppeste ferdjipping hawwe de finsters lûken ynstee fan glês.
- It achthoekige tsjerkhûske foar de tsjerke oer stamt út 1826 en waard yn 1988 restaurearre.
Natuer en lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Demen leit oan 'e Maasdyk. Tusken de dyk en de Maas leit in uterwaard dy't by it doarp likernôch 200 m breed is.
Mei in oerset kin minsken nei de oare kant fan 'e Maas, dêr't it stedsje Batenburg leit.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
