Springe nei ynhâld

Delling fan Meksiko

Ut Wikipedy
Delling fan Meksiko
Valle de México
Utsjoch op Meksiko-Stêd yn 'e Delling fan Meksiko.
Utsjoch op Meksiko-Stêd yn 'e Delling fan Meksiko.
polityk
soarte gebiet plato
lân Meksiko
grutste plak Meksiko-Stêd
sifers
ynwennertal 21 miljoen (2004)
oerflak 9.600 km²
befolkingstichtens 2.187,5 / km²
oar
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
koördinaten 19°40′ N, 98°52′ W
Kaart
Delling fan Meksiko (Meksiko)
Delling fan Meksiko
De lokaasje fan 'e Delling fan Meksiko yn Meksiko.

De Delling fan Meksiko of Fallei fan Meksiko, soms ek wol it Plato fan Anahuac neamd,[1] (Spaansk: Valle de México; Azteeksk: Anáhuac) is in plato of heechflakte yn it sintrale diel fan Meksiko. It gebiet kin ek as in delling beskôge wurde om't it ynklamme leit tusken de fulkanen fan 'e Transmeksikaanske Fulkanegurdle. De Delling fan Meksiko foarmet it súdlike diel fan it Heechlân fan Meksiko en omfettet it tichtst befolke diel fan Mekiko mei de stêdekloft fan Meksiko-Stêd. It wie it plak dêr't yn it ferline ferskate Mesoamerikaanske beskavings ûntstiene. De namme ferwiisd sadwaande ek nei Meksiko-Stêd, it oarspronklike México, dêr't yn 'e iere njoggentjinde iuw it lân nei ferneamd waard. De Azteekske namme Anáhuac, dat "[lân] oan it wetter" betsjut, ferwiist eins nei it súdlik-sintrale diel fan 'e Delling fan Meksiko.

De Delling fan Meksiko leit yn it sintrale part fan Meksiko, yn in dobbe tusken de fulkanen fan 'e Transmeksikaanske Fulkanegurdle yn, wêrfan't de Popocatépetl, mei in hichte fan 5.465 m, de bekendste is. It gebiet stiet dêrmei net inkeld bleat oan fulkaanútbarstings, mar ek oan dêrmei ferbân hâldende ierdbevings. Oan 'e noardkant binne gjin bergen, mar wurdt de delling ôfsletten troch de rotswand fan in heger plato. Fanwegen de omlizzende bergen liket de Delling fan Meksiko in delling, mar om't it gebiet in minimumhichte fan 2.200 m boppe seenivo hat, is it eins ek in plato. De Delling fan Meksiko hat in oerflak fan 9.600 km² en hat in langwerpige foarm mei de beide úteinen nei it noardnoardeasten en it súdsúdwesten. Op it langste punt mjit it gebiet likernôch 125 km, wylst it op it breedste punt sa'n 75 km is.

De Delling fan Meksiko, in 19e-iuwsk skilderij fan José María Velasco Gómez.

Bestjoerlik omfettet de Delling fan Meksiko it Meksikaanske Federaal Distrikt mei dêropta dielen fan 'e Meksikaanske steaten Meksiko, Hidalgo, Tlaxcala en Puebla. De delling is eins in keatling fan fjouwer lytsere dellings, dy't troch relatyf smelle trochgongen mei-inoar yn ferbân steane. De twadde fan it suden ôf is de grutste, en dat is wêr't de stêdekloft fan Meksiko-Stêd leit. De delling foarme oarspronklik wat yn 'e geology in endoreyske dobbe neamd wurdt, wat betsjut dat der foar wetter gjin wei is om fuort te kommen en nei see te streamen. Tsjintwurdich wurdt it gebiet ûntwettere fia in rige keunstmjittige, troch minsken oanleine kanalen, dy't it wetter nei de rivier de Tula ta liede, in sydstream fan 'e gruttere Pánuco, dy't sels úteinlik útmûnet yn 'e Golf fan Meksiko.

Histoarysk wie de Delling fan Meksiko it plak dêr't ferskate ynfloedrike prekolumbiaanske beskavings yn Meso-Amearika ûntstiene en ta bloei kamen. De ierste bewenning giet tebek oant 12.000 f.Kr., sa is by argeologyske opgravings oan it ljocht kommen. Omtrint 2000 f.Kr. ûntjoech de Delling fan Meksiko him ta ien fan 'e tichtst befolke regio's fan 'e wrâld, en dat is it sûnt altyd bleaun. De ferneamde beskaving fan 'e stêd Teotihuacán berikte om 200 f.Kr. hinne syn hichtepunt, mar rekke yn 'e iere achtste iuw alhiel yn it neigean troch de opkomst fan it ryk fan 'e Tolteken, dat om Tula hinne konsintrearre wie. Nei de fal fan it Tolteekske Ryk, yn 'e iere trettjinde iuw, kaam de Delling fan Meksiko fierhinne ûnder oerhearsking fan 'e Azteken (Mexica) te stean.

De oarspronklike marren fan 'e Delling fan Meksiko (sitewaasje yn 1519).

Yn dy tiid wie der noch gjin ûntwettering fan 'e delling, en dat betsjutte dat reinwetter yn 'e leechste dielen fan it gebiet gearrûn en dêr in keatling fan fiif ûnderling yn ferbân steande marren foarme. Dat wiene, fan noard nei súd, de Zumpangomar, de Xaltocánmar, de Texcocomar, de Xochimilcomar en de Chalcomar (foar de útspraak: ch = tsj en x = sj). De marren bedutsen likernôch 1.500 km² oftewol sa'n 15,6% fan 'e dellingflier. De Azteken stiften yn 1325 harren haadstêd, Mēxihco Tenōchtitlan, op in arsjipel fan lytse eilantsjes deunby de westlike kust fan 'e grutste fan 'e fiif marren, de Texcocomar. De eilantsjes waarden troch keunstmjittige diken mei-inoar ferbûn. It Azteeksk Trijefâldich Bûn, in politike en militêre alliânsje mei twa oare stêdsteaten yn 'e Delling fan Meksiko, Texcoco en Tlacopán, wie it begjin fan 'e oprjochting fan it Azteekske Ryk dat úteinlik hast hiel sintraal Meksiko besloech. Tsjin 1520 wennen der mear as ien miljoen minsken yn 'e Delling fan Meksiko.

Nei de Spaanske oerweldiging fan it Azteekske Ryk yn 1521 waard it yn 'e striid fierhinne mei de grûn lyk makke Mēxihco Tenōchtitlan troch de Spanjerts werboud ûnder de ferbastere namme México. De stêd waard it bestjoerssintrum fan 'e koloanje Nij-Spanje, en doe't dy yn 1821 syn ûnôfhinklikheid wûn, waard it nije lân nei de stêd ferneamd en kaam Meksiko te hjitten. It wiene de Spanjerts dy't de Delling fan Meksiko ûntwetteren en de fiif marren drûchleine.

Troch geweld en sykten belune de befolking fan 'e Delling fan Meksiko yn 'e iuwen nei de kolonisaasje fan it gebiet, mar tsjin 1900 wennen der op 'e nij mear as ien miljoen minsken. Yn 'e tweintichste en ienentweintichste iuw is de befolking troch in oanhâldend proses fan urbanisaasje suver ûntploft, sadat it ynwennertal eltse fyftjin jier ferdûbele. Yn 2004 wennen der 21 miljoen minsken yn 'e Delling fan Meksiko. Tsjin dy tiid wie suver de hiele flier fan 'e delling beboud. Tagelyk namen ek de yndustry en it motorisearre ferkear navenant ta, sadat Meksiko-Stêd ien fan 'e slimst mei luchtfersmoarging oanhelle stêden fan 'e wrâld wurden is, temear om't de smog tusken de omlizzende bergen hingjen bliuwt en der ferlet is fan hurde wyn om it fuort te blazen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, De Grote Bosatlas, Grins, 2001 (Wolters-Noordhoff Atlas Producties), ISBN 9 00 11 21 004, kaart 162–163.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.