Springe nei ynhâld

Deim

Ut Wikipedy
Deim

bok

hine
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftevenhoevigen (Artiodactyla)
famyljeharteftigen (Cervidae)
skaaideimen (Dama)
soarte
Dama dama
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     lânseigen fersprieding
     mooglike lânseigen fersprieding
     iere yntroduksje troch de minske (foar ±1900)
     resinte yntroduksje troch de minske (nei 1900)

De deim is in hartesoarte dy't tusken de lytse ree en it grutte reahart yn sit. Hoewol't it bist fan oarsprong gjin lânseigen soarte is foar ús kriten, is it bist yn 'e Fryske natuer hjoed-de-dei ek in bekende ferskining.

In wite deim.

In deim hat in skofthichte fan 85 sm oant 100 sm. De deim falt fuortendaliks op troch syn kleurrike hier. Simmerdeis is dy meastentiids rust- oant oranjebrún mei dúdlike wite stippen op 'e rêch en de flanken. Winterdeis wurdt it hier donkerder en griisbrún, wêrtroch't de stippen hast net mear te sjen binne. In opfallend skaaimerk is it wite plak achter op it achterwurk mei in swarte râne en de frij lange sturt dy't hieltyd beweecht. Deimen steane bekend om it kleurferskil en njonken de bekende stippelfariant binne der ek folslein wite of hiel tsjustere (hast swarte) deimen. Dat komt troch de lange skiednis fan domestikaasje yn parken. It meast bysûndere oan 'e bok it is gewei. Oars as by oare harten binne de einen fan it gewei ferbreed nei in soarte fan hânfoarm.

De measte kealtsjes wurde berne mei kastanjebrún hier mei wite stippen yn rigen oer de rêch en flank. Ek guon kealtsjes kinne der oars útsjen. Sa binne der swarte kealtsjes dy't berne wurde mei in donkere vacht en brúneftige stippen en ljochte kealtsjes mei sânkleurich hier (de lêste kleurfariant wurdt yn it tredde jier wyt) .

Fersprieding en leefgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kealtsje.

Fan oarsprong komt de deim út it Middellânske Seegebiet en Lyts-Aazje. Al yn 'e Romeinske tiid, mar fral letter yn 'e midsiuwen, binne se troch de minske oer hiel Europa ferspraat foar de jacht en om se yn parken te hâlden. De deim hâldt fan in ôfwikseljend lânskip. Se fiele har thús yn parkeftige bosken mei in soad ûndergroei, mar se hawwe ek iepen fjilden en greiden nedich om te weidzjen.

De deim yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân binne deimen op ferskate plakken te finen. Ek yn 'e bosken fan 'e Súdeasthoeke (om De Gordyk en Beetstersweach hinne) en yn 'e omkriten fan Oranjewâld wurde se regelmjittich sjoen. Faak is dat neiteam fan bisten dy't ea út hartekampen of parken ûntsnapt binne en har yn it wyld goed rêde kinne.

In relatyf nije ferskining is de keppel by Dokkum. Dêr rint in groep fan sa'n 50 oant 60 deimen dy't harren poerbêst rêde op 'e klaai. De bisten binne faak tige goed te sjen fanôf de Lauwerseewei (N361) en hoewol't it in moai gesicht is, soarget de keppel yn dit lânbougebiet ek foar diskusje oer ferkearsfeiligens.

Ek yn it Lauwersmargebiet op 'e grins fan Fryslân en Grinslân komme deimen foar.

Keppel deimen.

Deimen binne sosjale bisten en libje meastentiids yn keppels. Se binne minder skou as reeën en litte har oerdeis ek geregeld sjen. Se ite gers en krûden, mar ek knoppen fan beammen, blêden, ikels en beukenuten en binne yn leafbosk en mingdbosk te finen en op gerslân en by ikkers.

Yn 'e brûnstiid (oktober/novimber) meitsje de bokken in lûd dat liket op krôkjen. Se grave ûndjippe kûlen mei it gewei om hinen te lokjen en fjochtsje mei harren gewei om 'e macht.

Bysûnderheden en IUCN-status

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de deim de status 'net bedrige' (Least Concern). De wrâldpopulaasje is stabyl en yn in soad Europeeske lannen groeit it oantal deimen sels sa hurd, dat der behear nedich is om skea oan lânbou en natuer foar te kommen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: