Ferwyldering

Ferwyldering, soms ek dedomestisearring neamd, is it weromkearen nei de wylde steat fan syn fiere foarâlden troch in domestisearre bist of in domestisearre plant. Wannear't soks bart, is it yn 'e measte gefallen by fersin, bygelyk troch it losbrekken fan fee of de ûnbedoelde yntroduksje fan in soarte as in ynvasive eksoat. Soms wurdt troch minsken mei opset sin besocht om 'e oarspronklike wylde soarte werom te krijen dêr't de domestisearre soarte fan ôfstammet. Dan sprekt men yn it gefal fan bisten fan weromfokken en yn it gefal fan planten fan weromkweken.
Domestisearring en ferwyldering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylde bisten binne sadanich oanpast oan 'e omstannichheden yn harren lânseigen ferspriedingsgebiet, dat se dêr sûnder minsklik yngripen oerlibje kinne. Harren soarte kin him troch dy oanpastheid yn it wyld hanthavenje. Dat betsjut dat yndividuele bisten soms omkomme, mar de soarte as gehiel fan generaasje op generaasje oerlibbet. Wannear't wylde bisten domestisearre wurde, ûntwikkelje se faak nije eigenskippen dy't foar de minske oantreklik binne, lykas in meigeand karakter, fraaie kleuren en in hege opbringst oan gewier, fleis, molke of wol. Troch keunstmjittige seleksje en in fermindering fan 'e druk fan natuerlike seleksje trochdat de bisten en planten troch har minsklike eigners/ferbouwers fersoarge wurde, feroarje de erflike eigenskippen fan it bist of de plant. It kin skoan wêze dat der dan eigenskippen ûntsteane dy't yn it wyld in grut neidiel foarmje soene, mar yn minsklike eagen in foardiel binne.
It tsjinstelde proses, ferwyldering, bart as domestisearre bisten wer bleatsteld wurde oan omstannichheden dy't ta natuerlike seleksje liede. De oarspronklike eigenskippen fan 'e wylde foarâlder binne faak noch as allelen yn 'e populaasje oanwêzich, lykas in skutkleur, it fermogen om sunich mei enerzjy opdien út iten om te gean (of yn it gefal fan planten: stadiger te groeien) en agressyf ferdigenings- of jachtgedrach. Under natuerlike omstannichheden sil de seleksje dy yndividuën befoardielje, by wa't de oarspronklike eigenskippen op 'e nij (of noch hieltyd) ta utering komme. Yndividuën mei troch minsken selektearre eigenskippen dy't ûnfoardielich binne om yn it wyld te oerlibjen, sille stadichoan út 'e populaasje fuortselektearre wurde, trochdat se earder stjerre en har dêrtroch minder faak fuortplantsje en har genen trochjouwe as better oanpaste yndividuën.
Dat wol trouwens noch net sizze dat de ferwyldere bisten der dan ek wer automatysk krekt sa út komme te sjen as har wylde foarâlden. In ferwyldere hûn lykas de dingo (Canis lupus dingo) fan Austraalje liket hielendal net bot op 'e wolf (Canis lupus), dat syn fiere foarâlder is. Krektsa lykje de mustangs, de ferwyldere hynders fan Noard-Amearika, ek hielendal net op har wylde foarâlder, dy't mear wei hie fan it hjoeddeistige przewalskihynder (Equus ferus przewalski) út Mongoalje.




Ferwyldere bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In ferwyldere bist is in húsdier of in soarte fee dat ûntsnapt of loslitten is út in domestisearre bestean wêryn't it troch de minsken holden en fersoarge waard. Yn syn ferwyldere steat libbet sa'n bist min ofte mear as in wyld bist. It wichtichste oan dy sitewaasje is net dat in bist earder troch minsken holden en fersoarge waard, mar dat it in yndividu út in domestisearre soarte wie. In net-domestisearre bist dat troch minsken holden en fersoarge is, bgl. in liuw (Panthera leo) dy't ûntsnapt út in dieretún, wurdt net oantsjut as in ferwyldere bist. Likemin wurdt in seldsume fûgel, bgl. in goesearn (Haliaeetus albicilla), sa neamd, dy't grutbrocht is yn finzenskip en yn it wyld reyntrodusearre wurdt.
Wannear't in ferwyldere bist (opsetlik of by fersin) yntrodusearre wurdt yn in ekosysteem dêr't syn wylde foarâlder fan natuere net thúsheart, kin dat liede ta in ekologyske ramp foar de lânseigen fauna. Dat is benammen sa as it giet om in karnivoar of in omnivoar, mei de predaasje wêrfan't de lânseigen fauna nea leard hat om te gean. Sa hat de yntroduksje fan ferwyldere katten yn Austraalje, Nij-Seelân en de eilannen fan 'e Stille Súdsee laat ta ferskate gefallen fan útstjerren fan lânseigen soarten.

Foarbylden fan ferwyldere bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- baarch (Sus scrofa domesticus)
- dromedaris (Camelus dromedarius)
- Australyske ferwyldere dromedaris: Austraalje
- ezel (Equus asinus)
- Australyske ferwyldere ezel: Austraalje
- burro: súdwestlike Feriene Steaten
- Famme-eilânske ferwyldere ezel: Amerikaanske Famme-eilannen
- Syprioatyske ezel: Syprus
- geit (Capra hircus)
- ferwyldere geit: ferskate plakken wrâldwiid)
- Kretinzyske wylde geit (Capra hircus cretica): Kreta
- hin (Gallus gallus domesticus)
- ferwyldere hin: ferskate plakken wrâldwiid
- hynder (Equus ferus caballus)
- ferwyldere hynder
- Bankerhynder: Outer Banks fan Noard-Karolina
- Chincoteagueponny: Eastkust fan Firginia
- brumby: Austraalje
- Donaudeltahynder: Roemeenje
- garrano: noardlik Portegal
- Giarahynder: Sardynje
- Kaimanawahynder: Nij-Seelân
- konikhynder: Eastfardersplassen
- Kundudohynder: Etioopje
- mustang: westlike Feriene Steaten en súdwestlik Kanada
- Namybwoastynhynder: Namybje
- Sable-Islandhynder: Sable Island
- ferwyldere hynder
- hûn (Canis lupus familiaris)
- ferwyldere hûn: ferskate plakken wrâldwiid
- dingo (Canis lupus dingo): Austraalje
- Nijguineeske sjongende hûn (Canis lupus hallstromi): Nij-Guineä
- huningbij (Apis mellifera)
- ferwyldere huningbij: wrâldwiid
- hûsdo (Columba livia "domestica")
- stedsdo: wrâldwiid
- kat (Felis catus)
- ferwyldere kat: wrâldwiid
- Kretinzyske wylde kat: Kreta
- ko (Bos taurus taurus)
- ferwyldere ko: ferskate plakken wrâldwiid
- maverick: súdwestlike Feriene Steaten en noardlik Meksiko
- nuete knyn (Oryctolagus cuniculus domesticus)
- ferwyldere knyn: Austraalje, Nij-Seelân, Fjoerlân, noardlik Sily
- skiep (Ovis aries)
- Jeropeeske moeflon (Ovis aries musimon): ferspraat oer West-Jeropa
- Syprioatyske moeflon: Syprus
- Soayskiep (Sint-Kilda)
- wetterbuffel of karbou (Bubalus bubalis)
- ferwyldere wetterbuffel: Austraalje
Ferwyldere planten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Domestisearre planten, benammen lânbougewaaksen, dy't yn it wyld groeie, wurde oantsjut as yntrodusearre of naturalisearre. As sokke planten yn grutte hoemannichten foarkomme, kinne se de lânseigen floara ferkringe en wurde se as ynvasive eksoaten beskôge. It proses fan ferwyldering by planten liket sterk op dat by bisten. Mar der klibbet it bykommende risiko oan dat ferwyldere planten harsels hybridisearje kinne mei har wylde sibben. Yn sa'n gefal is der grutte kâns dat genetysk modifisearre eigenskippen, lykas resistinsje tsjin pestisiden, oerdroegen wurde kinne oan wylde planten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
