Deboara
| Deboara | ||
| Deboara sprekt rjocht ûnder de palmbeam. | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Deborah | |
| folk | Israëlysk | |
| Famylje | ||
| heit | net neamd yn 'e Bibel | |
| mem | net neamd yn 'e Bibel | |
| partner(s) | Lappidot (Rjochters 4:4) | |
| bern | net neamd yn 'e Bibel | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | rjochter; profetesse | |
| perioade | 12e iuw f.Kr. (tiid fan 'e Rjochters) | |
| bekend fan | lieding fan Israel; oerwinning op Sisera; Liet fan Deboara | |
| neamd yn | Rjochters 4–5 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Deboara is yn it Alde Testamint de iennige frou dy't eksplisyt rjochter neamd wurdt en hja wie yn 'e 12e iuw foar Kristus sawol geastlik as polityk lieder fan Israel. Hja spriek rjocht ûnder de "palmbeam fan Deboara", dy't tusken Rama en Bet-El stie (Rjochters 4:5). Dêr gong it folk fan Israel hinne om juridyske skelen en oare kwestjes foar te lizzen. Oer har man Lappidot is fierder neat bekend, sels net ta hokker stamme hy hearde.
Deboara hie har posysje fral te tankjen oan har religieuze besieling. Hja wie it dy generaal Barak opdracht joech in leger te organisearjen om de striid oan te gean mei de wrede underdrukker fan it folk, de Kanaänityske kening Jabin fan Chasor. Ek joech Deboara ynstruksjes wêr't dy slach plakfine moast tsjin Sisera, de legeroanfierder fan Jabin. Barak woe ek dat Deboara meigyng om't har oanwêzigens en ynfloed by God wis bydrage soe oan 'e oerwinning. Deboara gyng mei, mar warskôge Barak dat hy dêrtroch net de eare fan 'e oerwinning opstrike soe en dat de Heare it lot fan Sisera yn 'e hannen fan in frou lizze soe. Tegearre teachen hja nei Kêdesj en dêr waard in leger fan 10.000 man by inoar sammele en doe gie it oan nei de berch Tabor. Fan 'e berchhellingen wie it naderjende leger fan Jabin te sjen. Legeroanfierder Sisera hie mei 900 izeren weinen in grut militêr oerwicht, mar makke in grutte fout troch de striidmacht te konsintrearjen by it rivierke de Kison.
Doe sei Deboara tsjin Barak: "Oerein, want dit is de dei dat de Heare Sisera oan jo oerlevere hat. De Heare giet ommers foar jo út". Yn it kamp fan Sisera wie yntusken grutte panyk útbrutsen. De Heare die de grûn nammentlik skodzjen en wetter spielde út de himel sadat de Kison in kolkjende stream waard en de grûn by it rivierke kleare dridze, dêr't de striidweinen fan Sisera yn fêst kamen te sitten. Net de militêre krêft fan Barak, mar it yngripen fan God, de stoarm en de panyk brocht Israel de oerwinning.
Sisera besocht te flechtsjen nei Chêber de Kenyt en tocht dêr feilich te wêzen om't der frede wie tusken kening Jabin en Chêber de Kenyt. Mar dêr gyng de profesije fan Deboara yn ferfolling dat Sisera stjerre soe troch de hân fan in frou. Chêber's frou Jaël ferwolkomme Sisera en joech him in gastfrij ûnthaal. Hja joech him te drinken en liet him rêste yn 'e tinte, yn 'e fersekering dat hja elkenien dy't nei him frege fuortstjoere soe. Doe't Sisera de sliep hie, krige Jaël lykwols in hearring fan 'e tinte en sloech dy hearring mei in hammer dwers troch de holle fan Sisera yn 'e grûn. Doe't Barak by de tinte kaam, rûn Jaël him al yn 'e mjitte om te sizzen dat hja de man hie dy't Barak socht.
Deboara's ferhaal lit sjen dat it liederskip yn Israel net bûn wie oan geslacht, mar oan ropping fan God.
Bibelteksten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rjochters 4 is in ferslach oer har optreden as rjochter ûnder de palmbeam en har berop oan 'e legerlieder Barak en de striid tsjin de Kanaänityske kening Jabin.
- Rjochters 5 stiet bekend as it Liet fan Deboara. It is in oerwinningsliet yn dichtfoarm dat hja tegearre mei Barak song nei it ferslaan fan generaal Sisera.
Grêf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de joadske tradysje wurdt Tel Kadesh (Kêdesj) assosjearre mei it begraafplak fan 'e profetes Deboara. By de tagong fan 'e archeologyske lokaasje fan Tel Kadesj lizze twa grutte stiennen sarkofagen út de Romeinske tiid, dy't troch guon joaden identifisearre wurde as de grêven fan Deboara en Barak.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
