Springe nei ynhâld

Debbie Harry

Ut Wikipedy
Debbie Harry
sjonger en/of muzikant
Debbie Harry mei Blondie by de Swarte Cross (2011)
Debbie Harry mei Blondie by de Swarte Cross (2011)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne1 july 1945
berteplakMiami
wurkpaad
lid fanBlondie, Jazz Passengers
sjenreRock, new wave, punk rock, disko, pop, hip-hop
sjongtaalIngelsk
jierren aktyf1968-no
offisjele webside
https://www.blondie.net/
www.allmusic.com
IMDb-profyl
Debbie Harry yn 1977
Debbie Harry har stim

Deborah Ann (Debbie) Harry, berne as Angela Trimble, (Miami, 1 july 1945) is in Amerikaanske sjongster en filmaktrise, dy't benammen bekend waard as sjongster fan de popgroep Blondie.

Harry waard as lytse poppe fan trije moannen adoptearre en grutbrocht yn Hawthorne, New Jersey. Nei har stúdzje hie se ferskate banen - as dûnseresse, Playboy Bunny, en sekretaresse (ûnder oaren by de BBC yn New York) - foar har trochbraak yn 'e muzyksektor. Se wie mei-oprjochter fan Blondie yn 1974 yn New York City. De band brocht har debútstudioalbum mei deselde namme út yn 1976 en brocht tusken doe en 1979 noch trije studioalbums út, wêrûnder Parallel Lines, dat seis singles oplevere, ûnder oare Heart of Glass. Harren fyfde studioalbum, Autoamerican (1980), produsearre hits wêrûnder in cover fan The Tide Is High, en Rapture, dat beskôge wurdt as it earste rapnûmer dat nûmer ien yn 'e Feriene Steaten yn 'e hitlisten stie.

Harry brocht har debút solo-studioalbum, KooKoo, út yn 1981. Doe't se in skoftke by Blondie wie wie begûn se oan in aktearkarriêre, mei haadrollen yn 'e neo-noir-film Union City (1980) en yn David Cronenberg syn Body horror-film Videodrome (1983). Se brocht har twadde solostudioalbum Rockbird út yn 1986 en spile de haadrol yn John Waters syn kultdûnsfilm Hairspray (1988). Se brocht tusken dat jier en 1993 noch twa soloalbums út, foardat se weromkaam nei film mei rollen yn in troch John Carpenter regissearre part fan 'e horrorfilm Body Bags (1993) en yn it drama Heavy (1995).

Blondie kaam wer byinoar yn 'e lette jierren '90, en brocht No Exit (1999) út, folge troch The Curse of Blondie (2003). Debbie Harry bleau yn 'e jierren 2000 yn ûnôfhinklike films ferskinen, ynklusyf Deuces Wild (2002), My Life Without Me and Spun (2003) en Elegy (2008). Mei Blondie brocht se yn 2011 it njoggende studioalbum fan 'e groep út, Panic of Girls, folge troch Ghosts of Download (2014). It alfde studioalbum fan 'e band wie Pollinator út 2017.

Yn maaie 2006 brocht Deborah Harry it nûmer "Dirty and Deep" út as protest tsjin Lil' Kim har feroardieling; Lil' Kim is in freondinne fan Harry.

Yn 2019 ferskynden har memoires ûnder de titel Face It, wêryn't Harry, dy't yn ynterviews ornaris net folle iepenheid joech, har ferhaal fertelt.

  • Koo Koo (1981)
  • Rockbird (1986)
  • Def, dumb, and blonde (1989)
  • Debravation (1993)
  • Two times Blue (juny 2007)
  • Necessary Evil (septimber 2007)

Jazz Passengers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • In Love (1994)
  • Individually twisted (1996)
  • Live in Spain (1997)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: