De Stoarm

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De stoarm)
De Stoarm
algemiene gegevens
oarspr. titel The Tempest
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 1610 of 1611
1e publikaasje 1623, Londen
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Stoarm
publikaasje 1963, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

De Stoarm, yn it oarspronklike Ingelsk: The Tempest, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't it ferhaal fertelt fan Prospero, de wiere hartoch fan Milaan, dy't syn tsjoenderskeunsten ynset om syn broer Antonio, in usurpator, de hartochstroan te ûntnaderjen en syn dochter Miranda oan it regear te krijen. Men is fan tinken dat De Stoarm skreaun wêze moat yn 1610 of 1611, en it waard foar it earst publisearre as ûnderdiel fan 'e First Folio, yn 1623. De Stoarm wie by Shakespeare syn libben ien fan syn minder súksesfolle stikken, krige pas nei de Restauraasje (1659) bekendheid (en dàt noch fral yn adaptearre foarmen), en waard pas fan 'e njoggentjinde iuw ôf populêr. Tsjintwurdich wurdt it beskôge as ien fan Shakespeare syn grutste wurken, en is it adaptearre ta in ferskaat oan oare media, lykas klassike muzykstikken, lieten, opera's (mar leafst 46 ferskillende), balletopfierings, literatuer (sawol poëzij as romans), skilderijen en films. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1963.

De Stoarm, in skilderij fan William Hogarth (omtrint 1735).

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan De Stoarm sit de tsjoender Prospero, dy't de rjochtlike hartoch fan Milaan is, al tolve jier fêst op in eilân. Hy is troch syn oergeunstige jongere broer Antonio, mei de help fan Alonso, de kening fan Napels, fan 'e troan staat en mei syn doe trijejierrige dochter Miranda yn in lyts boatsje midden op see efterlitten. Gonzalo, kening Alonso syn riedshear, hie lykwols temûk it boatsje folloege mei fiktaalje, wetter, klean en de wichtichste boeken út Prospero syn eigen bibleteek, dat sadwaande koene hy en Miranda it libben derôf rêde oant se op it eilân telâne kamen.

Dat eilân wie foarhinne it wenplak fan 'e hekse Sycorax, mar aldergeloks wie dy al stoarn doe't Prospero en Miranda der arrivearren. De iennichste bewenners dy't sy troffen wiene Ariël, in geast fan it elemint lucht, dy't troch Sycorax finzen set wie yn in beam en dy't no mei tsjinnichheid Prospero tsjinnet, en Sycorax har soan Caliban, in miswoeksen meunster dat Prospero lykwols tegearre mei Miranda grutbrocht hat oant er besocht om Miranda te ferkrêftsjen; sûnt dy tiid is er Prospero ta slaaf.

It toanielstik iepenet as Prospero, dy't syn magyske krêften ûntlient oan it feit dat er sa heechbewittenskippe is, útfigelearre hat dat it skip fan syn broer Antonio en kening Alonso fan Napels deunby it eilân lâns sile sil op 'e weromweis fan 'e brulloft fan Alonso syn dochter Claribel mei de kening fan Tunis. Prospero ropt dêrop de stoarm op dêr't it stik nei neamd is, en lit dêrmei it skip op syn eilân strânje. Boppedat soarget er derfoar dat de ûnderskate skipbreklingen yn groepkes los faninoar it eilân berikke, sadat se faninoar net witte oft se noch libje. Behalven Antonio en kening Alonso binne ûnder de oerlibbenen ek Alonso syn soan Ferdinand, Alonso syn broer Sebastiaan en de riedshear Gonzalo.

Fan dit punt ôf folget De Stoarm ôfwikseljend trije ferhaallinen. Yn 'e earste jout Caliban him by Stephano en Trinculo, twa almeast dronken seelju, wêrfan't hy mient dat se fan 'e moanne ôfkomstich binne. Trijeresom besykje se in opstân tsjin Prospero op poaten te setten, wat op 't langelêst jammerdearlik mislearret. De twadde ferhaalline folget Prospero, dy't Miranda op 'e Milaneeske troan bringe wol en har boppedat trouwe litte wol mei prins Ferdinand. Dat slagget wûnderwol, want de beide jongelingen wurde op slach smoarfereale opinoar.

Prospero en Miranda, op in skilderij fan William Maw Egley (omtrint 1850).

Mar mei't Prospero deroer ynsit dat wat te licht wûn wurdt net wierlik wurdearre wurde sil, beart er dat er op harren relaasje tsjin is en dat er Ferdinand as in spion beskôget. Sadwaande twingt er de prins om syn tsjinstfeint te wurden. Yn 'e trêde ferhaalline spanne Antonio en Sebastiaan gear om Alonso dea te dwaan, sadat Sebastiaan him as kening opfolgje kin. Op Prospero syn oarders dwerseidet Ariël harren plannen, en boppedat ferskynt de geast yn 'e foarm fan in harpij oan Alonso, Antonio en Sebastiaan om harren te beskrobjen foar harren ferrie fan Prospero, tolve jier lyn.

The Tempest, in stomme film út 1908.

Yn 'e slotsêne bringt Prospero alle wichtichste personaazjes gear. Hy ferjout Alonso en kundiget it houlik fan Ferdinand en Miranda oan. Hy ferjout sels Antonio en Sebastiaan, mar warskôget harren tsjin fierder ferrie. Hy skinkt ek Caliban ferjouwing foar syn opstannigens en lit in feestmiel oanrjochtsje foar alle oanwêzigen. De oare deis sil it selskip nei Napels sile oer seeën dy't troch Ariël kalm makke binne. As de geast him dy lêste tsjinst ferliend hat, sil Prospero him frijlitte. Sadree't se Napels berikke, sille Ferdinand en Miranda trouwe. De Stoarm beslút mei in taspraak fan Prospero, wêryn't dy oanjout dat er syn tsjoendersstêf tebrekke en syn tsjoendersboek yn 'e see smite sil, en dan it publyk útnûget om him mei applaus fan it eilân te befrijen.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Tempest waard ûnder de titel De Stoarm yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1963 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. IV, yn 'e mande mei de fertalings fan in oare Shakespeariaanske komeedzje (It Winterjûnsteltsje) en fan guon Shakespeariaanske keningsstikken, wêrûnder Richard III.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. IV: Lette Komeedzjes: It Winterjounsteltsje, De Stoarm; Keningsstikken: Kening Hindrik VI (diel I, II en III), Kening Richard III, Drachten, 1963 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater