De Swiete Hoannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Zoete Hanen)

De Swiete Hoannen wie in keunstnersselskip dat fan 1999 oant 2004 in mingeling fan byldzjende keunst, útfierende keunst en literatuer gearstalle.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keunstnersselskip De Swiete Hoannen waard begjin 1999 oprjochte troch byldzjend keunstners Wouter Jansen en Elmar Kuiper, as in platfoarm foar har produksjes op it mêd fan optredens en fideoprojeksjes. Nei in tal moannen sleat filmmakker en komponist Marc R. Kooij him by har oan.

Optredens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De trije brochten dreaune optredens dy't opfoelen troch absurdistyske teksten, ynteraktive ymprovisaasjes en dwangmjittige rituelen, faak ynspirearre troch aktuele foarfallen. It selskip krige al gau in wikseljende gearstalling, wêrby de trije kearnleden bystien waarden troch Maarten Brugmans en Hedwig Terpstra en ferskate pop- en jazzmuzikanten, dichters en performers. De Swiete Hoannen ûntjoegen har ta in ynterstêdlik selskip mei ôfdielings yn Ljouwert, Grins en Amsterdam.

Eleminten út de wrâld fan de popmuzyk en it amusemint fûnen har plak yn de eigensinnige optredens fan De Swiete Hoannen. Sa wist it selskip publyksaktiviteiten as bingo en karaoke te yntegrearjen yn har keunstsinnige útspattings, wêrmei it ynteraktive karakter fan de optredens noch mear oandikke waard. De optredens krigen in ‘modulestruktuer’, wêrby de optredens opboud waarden út twa oant tsien minuten duorjende ûnderdielen. Dizze opset soarge foar mear fleksibele programmas en makke it mooglik dat optredens tasnijd wurde koenen op in spesifike omjouwing of in spesifyk tema.

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2001 stoarte De Swiete Hoannen har, yn gearwurking mei it farsk-oprjochte Wyld Hynder Films, op de produksje fan har earste lange spylfilm, 'Steunpunt Levende Doden', dy't yn 2002 ôfmakke waard. Yn dizze film, op lokaasje yn Ljouwert, Grins en Berlyn filme, wurdt de wrâld besjoen troch de eagen fan in kwetsber sjeny. Santich akteurs en figuranten spilen yn dizze produksje mei.

Dizze film wie fan ynfloed op de aktuele performances; dialogen, ferhaallinen en de digitale filmapparatuer waarden wichtiger, lykas de stilearring fan de dekôrs. Op de sobere sets is it publyk tsjûge fan de akteartalinten fan de partisipanten.

Ein/comeback[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de rin fan 2004 is De Swiete Hoannen (tydlik) opdoeke. Novimber 2009 makke it selskip in ûnferwachte comeback op it Huzumer Begraafplak yn Ljouwert by it projekt Allerzielen Alom mei de surrealistyske performance 'Soul Scrabble'. Dit optreden waard folge troch de performance 'Robot Monster' yn de eardere finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert, yn febrewaris 2010.