Springe nei ynhâld

Wyldemerk (mar)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Wyldemerk)
De Wyldemerk (2009)

De Wyldemerk is in mar yn de gemeente De Fryske Marren yn de himrik fan Harich tusken de N359 (Sudergoawei) en de Alde Balksterwei. De mar leit yn de bosken fan Gaasterlân. Oan de noardeastkant komt de Van Swinderenfeart yn de mar út, oan de noarwestkant de Spoekhoekster Feart en by de buorskip Skou rint in sleat út polder De Wite Ikkers yn de mar út. It terrein is eigendom fan Steatsboskbehear en stiet ek bekend as de Sângatten. In oare benamming is Skou, nei de buorskip Skou krekt by de súdlikste punt fan it sângat.[1] De soad wetters binne ûntstien troch sânwinning yn de jierren '60. Kij en geiten rinne dêr los om en in diel is ynrjochte as frij tagonklik libellereservaat.

Yn it gebiet lizze meardere sângatte, faak mids rûge boaskeftige natoer. De Wyldemerk is de grutste plasse en hat de foarm fan in sterk bûgde kreakeling. De grutste ôfmjitting is yn east-westrjochting, 650 meter. Fan de noardlikste nei de súdlikste punt is hy rom 500 meter, mar troch de foarm en de tige ûnregelmjittige noardouwer is men noait mear as 150 meter fan de kant. De Wyldemerk lûkt simmerdeis in soad deirekreaasje, dêrûnder swimmers, fytsers, wannelers en plesierfeart. It is oan de kanten frij ûndjip en lytse bern kinne der swimme en poatsjebaaie. Midden yn de mar is de djipte tige wikseljend, de djipte kin oprinne fan in meter nei ynienen seis meter. Troch dy ûnregelnmjittichheden kinne der sa no en dan draaikolkjes ûntstean. De plesierfeart kin de plasse fan de Sleattemer Mar ôf berikke troch it rivierke de Luts en de Van Swinderenfeart; fierders is hy direkt ferbûn mei de Wytikkersfeart. Dochs streamt it wetter amper, sadat de plasse simmerdeis soms ôfsluten wurdt foar swimmers yn ferbân mei blaualch.

Libellereservaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It libellereservaat is op 12 maaie 2007 oprjochte troch Stichting Gaasterlân Natuerlân , De Flinterstichting en Libellewurkgroep Fryslân “De Hynstebiter”. Yn it gebiet waarden 34 libellesoarten oantroffen, mei dêrûnder seldsumheden as de flekte wytsnútlibel, glêssnijer en iere glêzemakker.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Atlas Eekhof, 1849-1859. De plasse wie doe noch net útgroeven, op dat plak lei doe de Hongerdyk. De Van Swinderenfeart (oanjûn as Van Swinderen's - Vaart) wie grif koart dêrfoar, yn 1840, oanlein. Atlas Eekhof op Tresoar.nl
Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken