De Wite Klok

Ut Wikipedy

De Wite Klok is it multyfunksjonele gebou yn Aldebiltsyl. It gebou hat romte foar wikseleksposysjes en in fêste presintaasje oer de bediking fan It Bilt yn it archeologysk stipepunt.

It Minnistetsjerkje is part fan it kompleks. It is in unyk gebou omdat de tsjerke tsjin de dyk oanboud is en al yn 1636 as fermanje brûkt waard. Pas yn 1906 krige it tsjerkje in houten tuorke. In aardige anekdoate is dat de Aldebiltsylsters yn 1909 sa bliid wienen dat prinsesse Juliana berne wie, dat se de klok sa fûleinich letten dat dy stikken rekke. Troch in skinking fan it Keninklik Hûs koe der in nije klok komme. Dêrom hjit de tsjerke no noch altyd ‘Julianatsjerke'.