Springe nei ynhâld

De Windhond (Soest)

Ut Wikipedy
De Windhond
mûne / mole
lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
plak Soest
adresMûnewei
koördinaten52°10' N 5°18' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjenôtmûne
boujier2008
oare ynformaasje
monumintale statusgemeentlik monumint
Webside
www.windhond.nl
Kaart
De Windhond (Utert)
De Windhond

De Windhond is in werboude nôtmûne yn Soest yn 'e provinsje Utert. De mûne stiet op in hoekje lân tusken de Mûnewei, Fjildwei en Koloanjewei op likernôch in km fan it plak dêr't oant 1930 syn foargonger stien hat.

Soest hat al sûnt it begjin fan 'e 15e iuw in mûne hân. In stik lân njonken it plak dêr't letter De Windhond boud waard, droech de namme het molenstuk.

Biskop David fan Boergonje joech yn 1474 oan Claes Albertszoon Wolff de Beer tastimming om op 'e Eng in mûne te bouwen. Dat wie doe in houten standermûne. Yn 1632 waard dy mûne ferkocht oan 'e mûndersfeint Gerrit Alberts Varecamp. Immen út syn neiteam, Gerrit Varekamp, joech yn 1737 opdracht om dy mûne te ferfangen troch in stiennen stellingnôtmûne mei de namme De Windhond.

Mei't oan it begjin fan 'e 20e iuw mûnder J.B. Mulders ophold mei it mealbedriuw, rekke de mûne bûten gebrûk. Yn 1930 folge lang om let it ôfbrekken fan 'e mûne. In pear jier letter waard yn 1933 ek de lêste nôtmûne fan Soest, De Vlijt, ôfbrutsen. Dat wie in yn 1852 werboude mûne dy't earder as Undermûne A yn Schermerhorn stien hie.

Yn april 2006 sette de werbou fan 'e Windhond útein. De kape waard op 12 febrewaris 2008 set en op 'e Nasjonale Mûnedei fan 10 maaie 2008 folge de iepening fan 'e werboude mûne. Hjoed-de-dei is de mûne folop yn bedriuw.

De Windhond is in rûne, stiennen stellingmûne op in achtkante foet fan beton. De romp is boud fan hurdbakte iselstientsjes yn krúsferbân. De kape fan 'e mûne is mei daklear dutsen. It wjukkekrús is Ald-Hollânsk ophekt en de 6,24 m lange as fan jitizer waard yn 2007 troch de Soester Jitterij getten.

Yn oktober 2019 waard fanwegen swierrichheden mei focht op 'e súdwestkant fan 'e romp in wite, fochtwarjende laach oanbrocht, sadat de hjoeddeiske mûne wer wat mear liket op 'e foargonger, dy't wytplastere wie.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:De Windhond (Soest)