De Wiere Wâldman
De Wiere Wâldman is in brouwerijhierder yn Burgum. De bierbrouwerij waard oprjochte yn 2017 troch Wim de Vries, Broer van Kammen, Wieke van Kammen en Pieter van Kammen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brouwerij is yn 2017 yn Damwâld as hobby begûn troch in fjouwertal entûsjaste bierkriichsmannen.
Hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de thúsbrouwerij wurdt op ambachtlike wize bier broud. Yn de bieren wurde inkeld natuerlike produkten ferwurke. Dizze wurde mei soarch selektearre, sadat allinne de bêste nôtsoarten, hop en oare yngrediïnten brûkt wurde. Bysûnder foar de bieren út de Wâlden is dat der brûkt makke wurdt fan lokale krûden en streekprodukten.
De bieren wurde yn gruttere batches broud by Tsjerkebier yn Easterwierrum.
Motto: "eigensinnich bier út de wâlden. Fol karakter, dit bier drinkst net allinnich"
Assortimint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Balstjurrich blond - blûn makke mei flearblossem
- Wrachtich Wâldskûm - weetbier
- Bjusterbaarlik Bitter - IPA mei kalmuswoartel
- Treddeheal Tripel - tripel
- Broers Broedsje - mei huning