Springe nei ynhâld

De Waal (Teksel)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Waal (Tessel))

De Waal (Nederlânsk: De Waal; Tekselsk: De Wéél) is in doarp in de gemeente Teksel in de provinsje Noard-Holland.

De Waal is it lytste doarp fan Teksel. It bestie al ein 12e iuw; de namme tsjut grif op de Alderheljenfloed, dêr't Teksel ek in eilân troch wurden wie. Dêrnei hat it doarp oant 1613 oan see lein, oant de oanlis fan de polder Waal en Burch. Sûnt leit it doarp midden op it eilân. De tsjerke fan it doarp stie op in terp, oant de tsjerke by de Opstân fan de Georgjers fernield waard. Yn 1952 is der lykwols in nijenien boud.

Tichtby it doarp wie eartiids de Sommelkesberch, dêr't de mytyske Sommelkes nachts dûnsen, oant de hichte yn 1777 ôfgroeven waard.