De Vriendschap (Veenendaal)
| De Freonskip | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | Veenendaal | |
| adres | Nieuweweg 109 | |
| koördinaten | 52°02'N 5°33'E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | stellingmûne | |
| funksje | nôtmûne | |
| flecht | 22,90 m | |
| boujier | 1872 werbou 1995 | |
| oare ynformaasje | ||
| eigner | partikulier bedriuw | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 511611 | |
| Webside | ||
| www.molen-devriendschap.nl | ||
| Kaart | ||
De Vriendschap (De Freonskip) is in wynmûne oan 'e Nieuweweg yn Veenendaal yn 'e provinsje Utert.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Vriendschap is in achtkante, reiddutsen stellingmûne op in fjouwerkante stiennen ûnderbou. De mûne waard yn 1872 boud en folge in yn 1870 ôfbrutsen standermûne op, dy't oan 'e Molenstraat yn it Stichtske Veenendaal stie en de "âlde mûne" neamd waard. It houten achtkant wie net nij, mar is ôfkomstich fan in oare ôfbrutsen mûne.

Oant 1952 bleau de mûne gebrûk meitsjen fan wyn. Doe waarden der ynvestearrings dien om de konkurrinsje de baas te bliuwen. Yn 1957 waard it mealwurk útbrutsen. Der waarden silo's en njonken de mûne bedriuwsgebouwen byboud. Yn 1967 ferlear de mûne de wjukken; de stelling wie doe al fuort. It reid op it achtkant waard ferfongen troch aluminium plaatwurk.
Meidat it bedriuw yn it begjin fan 'e jierren 1990 de mûne en it terrein ferkocht oan 'e gemeente koe der in restauraasjeplan makke wurde. Sûnt 1995 is de mûne wer hielendal restaurearre en as mealreeë nôtmûne troch prins Claus yn bedriuw steld.
Yn desimber 2019 ferkocht de gemeente de mûne oan in fêstgoedûndernimming ûnder betingst dat it bedriuw de mûne as in mealreeë mûne ûnderhâldt en dy iepen bliuwt foar publyk.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne hat twa mealkoppels keunststiennen. De tafier fan nôt is folslein automatisearre, lykas ek de ôffier fan it moal, dat yn grutte sekken wurdt opfongen. De mûne hat in flecht fan 22,9 m en de wjukken binne útrist mei Bussel-foarseamen en automatyske remkleppen. De yn 1994 getten as fan jitizer komt fan Izerjitterij Hardinxveld. Sawol de grutte sprút as de sturtbalke binne fan staal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
