De Verrekijker
| De Verrekijker | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | Batenburg | |
| adres | Mûnewei 53 | |
| koördinaten | 51°519'N 5°40'E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | bultmûne | |
| funksje | nôtmûne | |
| flecht | 25,1 m m | |
| boujier | 1904 | |
| oare ynformaasje | ||
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 9303 | |
| Kaart | ||
De Verrekijker is in earder nôtmûne op in 5 meter hege bult yn it Gelderske plak Bergharen.
Op 'e lokaasje fan 'e hjoeddeiske mûne stiet al hiel lang in mûne. De mûne waard foar it earst yn 1313 neamd doe't de pastoar fan Macharen syn standermûne ferkocht oan 'e Sistersjinzers fan kleaster Kamp by Xanten. Yn 'e nijjiersnacht fan 1486 baarne de mûne troch bliksemynslach ôf. Fuort dêrnei waard de mûne werboud.
De hjoeddeiske mûne waard yn 1904 boud nei't de foargonger ôfbaarnde. De mûne rekke yn 1962 bûten bedriuw en dêrnei waard it binnenwurk der útbrutsen.
Yn 1984 folge in restauraasje fan 'e mûne. Hjoed-de-dei is de mûne ynrjochte as fakânsjewente.
De flecht fan 'e mûne is 25,1 m en de wjukken binne Aldhollânsk ophekt. Fan it gongwurk bleau allinnich in boppetsjil bewarre. De mûne is fan partikulieren, dy 't de mûne út en troch draaie litte.
Fuort by de mûne stiet de kapel fan Us-Leaffrou fan 'e Godlike Need, sûnt 1313 in beafeartsplak.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
