De Valk (Montfoort)
| De Valk | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | ||
| adres | Mûnestrjitte 27 | |
| koördinaten | 52°02' N 4°56' E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | stellingmûne | |
| funksje | nôtmûne | |
| flecht | 24,35 m | |
| boujier | 1753 | |
| oare ynformaasje | ||
| eigner | St. De Utertske Mûnen | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 30060 | |
| Webside | ||
| www.molendevalk.nl | ||
| Kaart | ||
De Valk is in achtkante stellingmûne oan 'e Provinsjale dyk 228 op 'e âlde stedsmuorre fan Montfoort yn 'e provinsje Utert. De nôtmûne is in boppekruier en sûnt 1973 ynskreaun as ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn 1753 yn opdracht fan 'e boargemaster Hendrik Utenhove fan Montfoort boud. Nei alle gedachten krige de mûne oan it begjin fan 'e 19e iuw de namme De Valk. Net bekend is hokker oarsprong dy namme hat. De mûne stiet op in plak dêr al iuwen earder in mûne stien hat.
Sûnt de bou wie De Valk in twangmûne. Ferskate mûnders út de omkriten besochten yn 'e jierren dêrnei dat twangrjocht op te heffen. Yn 1822 makke kening Willem I in ein oan dat twangjocht. Ek waard der sûnt dy tiid jimmeroan mear nôt yn fabriken mealle. Dêrfandinne brocht de mûne hieltiten minder jild op en sadwaande briek in tiid fan ferfal oan.
De lokale projektûntwikkelder André Versteegen kocht de mûne oan om him op te knappen. De bûtenkant waard as mûne restaurearre en it ynterieur as wente ynrjochte. De mûne is yn 1984 ferkocht oan 'e hjoeddeiske eigner, de Stifting De Utertske Mûnen. Restauraasje ha yn 1953 en 1989 plakfûn.
Yn 2008 joech It Utertsk Gea opdracht ta de rekonstruksje fan it mealwurk fan 'e mûne, dy't yn 2009 foltôge waard. Sûnt wurket de mûne wer as nôtmûne.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:De Valk (Montfoort)
|
