Springe nei ynhâld

De Silveren Rinkelbel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Sulverne Rinkelbel)
De Silveren Rinkelbel
algemiene gegevens
auteur Waling Dykstra
taal Frysk
foarm novelle
sjenre histoaryske fiksje
1e publikaasje 1856, Frjentsjer
oarspr. útjwr. Telenga
kodearring
ISBN 978-9 07 00 98 872

De Silveren Rinkelbel, is in novelle (hoewol't it gauris as in 'koarte roman' oantsjut wurdt, fan 'e hân fan 'e njoggentjinde-iuwske Fryske skriuwer Waling Dykstra (1821-1914). It hat as ûndertitel: In Wonderlike Skiednis út 'e Lêste Helte fan 'e Achttjinde Iuw, en kin sadwaande ta it sjenre fan 'e histoaryske fiksje rekkene wurde. De Silveren Rinkelbel waard foar it earste útjûn yn 1856, by útjouwerij Telenga yn Frjentsjer. Dêrnei folgen sân werprintingen, yn 1866, 1887, 1908, 1930, 1950, 1987 en 1991, mei dêropta noch in achtstenien yn 2003 yn it ramt fan 'e rige Fryske Klassiken II, publisearre troch Utjouwerij Fryslân yn gearwurking mei de Afûk en mei in neiwurd fan Philippus H. Breuker. De Nederlânsk oersetting, fan 'e hân fan Dykstra sels, kaam al yn 1857 út. Yn 1985 ferskynde der fierders in Biltske oersetting, makke troch Hanne Kúkken.

Skuonmakker Pabe Roukes wurdt ek wol baas Hoattelstoat neamd omdat er him hieltiten oer alle lytse dingen opwynt. Hy wenne earder altyd by syn mem, mar no hat er Doutsen, fan tweintich jier, by him. Sy leit it mei him oan, mar der sit gjin krissel frouljusfleis oan him. De skuonmakker lit him oerdonderje en hja trouwe, mar se ha lykwols in soad spul. Op de Stienzer merk narje de jonges baas Hoattelstoat. In hynder skrikt dêrfan en giet mei de wein op 'e rin. Op 'e wein sit it lytse jonkje fan boer Lútsen Tetmans en syn frou Hiske. De wein wurdt letter sûnder it jonkje werfûn.

It kistke fan Jetske, de tsjinstfaam fan Hoattelstoat, mei har jild en sieraden wurde stellen. At se der mei baas Hoattelstoat om siket, 'trappearret' Doutsen harren op wat se mient dat oerhoer is. Jetske giet út 'e hûs. Doutsen wurdt no hiel stil en naait op in nacht út. Hja lit Baas mei dochter Tsjamke efter. Setske, it spûk fan Jiskenhuzen, wurdt dan by him faam. Op in dei wurdt in pak brocht fan 'e prúkmakker fan It Nau, dy't net iens bestiet. Yn 'e doaze leit in lyts jonkje, dat se Wouter neame.

As baas mei dizze gong fan saken wer ris narre wurdt, jout er Jildert, de oannommen soan fan Lútsen Tetmans, op 'e bealch. Ek Wouter wurdt hieltyd troch Jildert narre. Wouter groeit as koal, mar Tsjamske bliuwt earst efter, hoewol't it letter better mei har giet as se medisinen kriget fan it krûdewyfke Klaaske. As se opgroeie, wurdt Jildert fereale op Tsjamske, mar syn avânses wurde ôfwiisd. Wouter harket letter in petear ôf tusken Jildert en Klaaske, dy't earne foar betelle wurde wol. Neitiid komt Jildert in twadde kear om Tsjamke, wat Hoattelstoat wol goed taliket. Jildert wurdt troch Wouter en Setske bûtendoar setten.

Yn Ljouwert kriget Jildert fan Klaaske it advys om it oars te besykjen. Hy, de swankebast, beart no ynienen dat er in serieuze jongfeint is. Lykwols set er in fjochtpartij op dêr't Wouter troch omkeaperij de skuld fan yn op 'e lea skood kriget. Dy wurdt by wize fan bestraffing foar twa moanne út Fryslân ferballe. Under de Patriotte-opstân dûkt ynienen de echte Jildert Nolkes op. Doe't dy út it earmhûs kaam, hie Hâns-fiter-en-bân him wysmakke dat der gjin Tetmans yn Stiens wenne. neitiid hie Hâns himsels foar Jildert útjûn.

No't de saak útkomt, lapet Hâns ek Klaaske der by: dy hie Jetske har kiste stellen mei in bern deryn, dat moast wol in bern fan Pabe en Jetske wêze. Letter wiene se der mei oanklaud en hienen it bern werom brocht nei Hoattelstoat. De wiere Jildert blykt mei Jetske troud te wêzen. Tsjamke skriuwt no in brief oan Wouter dat hy har healbroer wêze moat. Wouter siket dan syn mem op, mar Jetske wit nearne fan. Hiske sjocht de sulveren rinkelbel dy't it bern fan Jildert en Jetske om hat. Dat is deselde as dy't har jonkje om hie doe't dy sa hommels ferdwûn. Jetske hat dy rinkelbel fan in buorfrou krigen as ûnderpân. Dy buorfrou blykt Doutsen te wêzen, en no komt de moard út: Wouter is de soan fan Lútsen Tetmans en Hiske. Wouter trout hjirnei mei Tsjamke en Setske komt by harren yn te wenjen. Jildert en Jetske krije in saak yn 'e buorren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: