Springe nei ynhâld

De Ster (Utert)

Ut Wikipedy
De Ster
mûne / mole
lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
plak Utert
koördinaten52°5' N 5°6' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjehoutseachmûne
flecht21,90 / 22,00 m.
boujier1739/1999
oare ynformaasje
eignerUtrechtse Mij tot Stadsherstel N.V.
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer335395
Webside
www.molendester.nu
Kaart
De Ster (Utert)
De Ster

De Ster is de namme fan in houtseachmûne oan 'e Leienske Ryn yn 'e stêd Utert. De mûne is in achtkante stellingmûne mei in houtseacherij, in mûnderswente en twa wenten foar feinten en trije loadsen om it hout te drûgjen. De mûne is 20 m heech en mei de wjukken 29 m heech.

Oarspronklik datearret de mûne út 1739, mar fan 'e oarspronklike mûne wie sûnt 1911 allinne de seagerij oer. Tusken 1996 en 1998 waard de mûne werboud.

Oarspronlik stiene yn en om Utert tolve houtseachmûnen. Fan 'e tsientallen mûnen dy't Utert hie binne hjoed-de-dei noch mar twa oer: de nôtmûne Rijn en Zon en De Ster. Twa strjitnammen betinke noch oare seachmûnen. De Zaagmolenkade ferwiist nei houtseachmûne De Haas, dy't oant likernôch 1848 by de krusing fan it Zwarte Water en wat no de Kardinaal de Jongweg is, stie. De Kranenburgerweg ferwiist nei houtseachmûne Kranenburg, dy't dêr oant 1945 oan 'e Kromme Ryn stie.

De namme fan 'e mûne is ôflaat fan 'e namme fan 'e earste eigner Arien van der Starren. Hy krige tegearre mei Jordan van der Veen yn 1721 permisje om yn Utert in seachmûne te bouwen. It plak dat keazen waard wie in stik greide noard fan 'e Leienske Feart, dy't hjoed-de-dei de Leienske Ryn hjit.

De Leienske Ryn mei rjochts de houtseachmûne De Ster en lofts op 'e eftergrûn de houtseachmûne De Bijgeval.

Letter waarden der op it mûnehiem ek noch fjouwer wentes foar feinten boud. Oant 1860 soe de mûne yn it besit fan 'e famylje Van der Starren bliuwe. Yn dat jier waard it bedriuw ferkocht oan bakker Johannes Mol. Mols neiteam ferkocht de mûne yn 1876 foar 15.000 gûne oan Willem de Wit, dy't letter ek de njonkenlizzende mûne De Bijgeval keapje soe. De famylje De Wit hat nea op it mûnehiem wenne; it wie in rike famylje út Noard-Hollân mei in eigen libbensstyl en hja wennen op 'e Maliebaan yn it easten fan 'e stêd.

Yn 1910 frege de doetiidske eigner Jan de Wit fergunning om De Ster te ferbouwen ta in elektryske seagerij. De mûne wie dêrmei syn yndustriële funksje kwyt en dêrfandinne waard yn 1911 de boppebou fan 'e mûne hielendal ferwidere. De houthannel fan 'e famylje levere kwaliteithout en dat betsjutte dat it hout ien oant trije jier drûgje moast. Op it hiem wiene dêrom foar de opslach fjouwer loadsen.

De Earste Wrâldkriich wie dreech fanwegen swierrichheden mei de houtoanfier. Ek de krisisjierren wie in minne tiid om 't in soad minsken de rekkens net betelje koene. De houtseagerij waard yn 'e Twadde Wrâldkriich foardere fanwegen it belang foar de kriichsekonomy. Dochs holden by razzia's minsken harren dêr skûl tusken de houtbulten en yn 'e hynstestâl of seachselkelder.

Troch de bou fan in soad hûzen nei de oarloch makke de houthannel doe in grutte bloei mei. Yn 'e jierren 1970 fierde de gemeente in aktyf belied om grutte bedriuwen út de wenwyk Lombok te ferhûzjen. Sadwaande waard ek de houthannel De Wit lang om let ûnteigene. De gebouwen waarden yn 1988 yn erfpacht jûn oan 'e Maatschappij tot Stadsherstel NV (UMS).

Mûndershûs.

De ynset fan 'e buert (en de belutsenens fan 'e erfgenamen De Wit) late ûnder lieding fan stedswerstel ta de restauraasje en de oanlis fan it Mûnepark. Nei de restauraasje fan it mûnehiem en de seagerij, de loadsen en de hûzen woene bewenners yn 1988 ek de mûne werom. Foar dat doel waard de 'Stichting De Sterremolen' stifte en it slagge de stifting om it nedige kaptaal fan 1,7 miljoen gûne byinoar te krijen. Mei it takennen fan in subsydzje út in Europeesk fûns koene de lêste tekoarten oansuvere wurde en wie der genôch jild. Yn 1996 is mei de werbou útein set en begjin 1998 begûnen oannimmer Jurriëns en mûnemakker Poland mei it wurk.

Yn 'e loads yn it Noard-Hollânske Broek op Langedijk boude mûnemakker Poland mei fjouwer man de mûne op. Healwei febrewaris 1998 geat de izerjitterij Gieterij Hadrinxveld yn Hardinxveld-Giesendam de as fan 'e Ster. De as is 6,01 m lang, hat in trochsnit fan 50 sm, weecht 3,5 ton en hat nûmer 79. Nei it jitten waard de as straald, slipe en skildere. Ek waard de seachmechanyk wersteld, in tûk systeem fan assen en rêden dêr't it seachraam mei yn gong set wurdt. Al dy tariedings waarden yn Noard-Hollân útfierd. Nei de foltôging fan 'e mûne, kompleet mei seachynrjochting en it geande wurk, folge op 22 juny 1999 de offisjele iepening troch prins Claus, de beskermhear fan 'e Feriening De Hollânske Mûne.

Foar de wynfang fan 'e mûne hat de gemeente begjin maart 1999 de hichte fan 'e popelbeammen op it Mûnepark ta 4,5 m werombrocht. De gebouwen en it mûnehiem krigen ferskillende funksjes lykas atelier, in muzykoefenromte, in pjutteplak, in boartersplak en in bistegreide.

De mûne is alle sneonen middeis oan it wurk en tagonklik foar publyk. Ek docht de mûne tsjinst as kultuerpoadium en romte foar gearkomsten. De gemeente brûkt de mûne boppedat as offisjele troulokaasje en der is in kafee mei in terras oan it wetter. Der wurde ek rûnliedings oan bygelyks skoallen jûn. De Ster docht mei oan 'e Nasjonale Mûnedei en Iepen Monumintedei.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Houtzaagmolen De Ster