De Slufter
| De Slufter | ||
| Utsjoch oer De Slufter fan it útsjochpunt by de Oarsprongwei ôf | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| koördinaten | 53° 8' N, 4° 48' E | |
| oare ynformaasje | ||
| oerflak | 701 hektare | |
| behear | Rykswettersteat | |
| kaart | ||
De Slufter is in natoergebiet op Teksel, part fan it Nasjonaal Park Dunen fan Teksel. Dit is it stee dêr't ea it Anegat in skieding foarme tusken it Aailân yn it noarden en it âlde Teksel yn it súden. Wylst it yn ingere sin allinnich hannelet om de slinke, wurdt by útwreiding ek gâns it gebiet, de Flakte fan De Slufter, sa oantsjut.
Behear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De slinke wurdt beheared troch Rykswettersteat, dy't tastiet dat it tij alle dagen wer in stikje yn it dúngebiet ynkrinkt. Rykswettersteat komt lykwols foar dat de slinke te wiid wurdt, en dêrmei de Sândyk, de oarspronklike rêchbonke dêr't de twa parten fan ite eilân mei tegeareholden wurdt, skânsearre rekket. Fierders wurdt it gebiet beweide, earder mei skiep, yn 2025 mei kij. Al dat behear betsjut lykwols net dat gâns it gebiet net in pear kear it jier, oant de dyk oan ta ûnder wetter komt te stean.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
