De Sambrinco's

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Sambrinco's wie tusken 1946-1966 in ferneamd dûnsorkest út Fryslân en bestie û.o. út Pier en Atty Sambrink. It orkest hat ferskillende Fryske "tophits" spile, lykas It Dockumer lokaeltsje en Skûtsjesilen.

It dûnsorkest 'De Sambrinco's waard yn 1946 oprjochte troch 'Pier Sambrink (akkordeon, 1926) en syn frou Atty Dekens (akkordeon, 1927-1963). Hans Stoelwinder spile doe op drums. Oare muzikanten wienen ûnder oaren Han Westhof (gitaar), Geert Gorter (bas), Gerard Weers (bas), Jacques Sambrink (soan fan Pier, kontrabas) en Joop van der Heide (drums, 1930-2005). Henk van der Heide, Anneke Pater en Jaap de Graaf hawwe ek mei de Sambrinco's songen.

Nei 1964 song Anneke Douma - earst ûnder de namme Duma - mei yn it dûnsorkest. De Sambrinco's stoppe yn 1966 mei optreden. Sambrink en Douma iepenen doe in muzykkafee oan de Grinzer Strjitwei yn Ljouwert dêr't se oant 1972 sels de libbene muzyk fersoargen.

Fryske tophits[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anneke Pater en Henk van der Heide songen tegearre mei it orkest ferskillende Fryske "tophits". Ien fan dy populêre lietsjes wie It Dockumer Lokaeltsje oer it ferdwûne spoar tusken Dokkum en Drachten. It liet wie skreaun troch Anne van der Mark en songen troch Henk van der Heide.

'De Sambrinco's' wienen tige populêr en spilen benammen op feestjûnen. It orkest wurke ek mei oan optredens fan kabaratier Tetman de Vries.

Pier Sambrink ferstoar op 20 desimber 1995 yn syn wenplak Ljouwert. Dochter Agnes Sambrink gie letter de muzyk yn.