Den Oever
| Den Oever | ||
| Utsjoch op Den Oever | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.290 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oerflak | 5,6 km² (5,57 km² lân, 0,03 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 443 ynw./km² | |
| Hichte | 1,6 m | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | A7 N99 | |
| Postkoade | 1779 | |
| Netnûmer | 0227 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 52° 56' N 5° 2' E | |
| Haven fan Den Oever | ||
| Kaart | ||
Den Oever is in doarp yn de gemeente Hollâns Kroan yn de kop fan de provinsje Noard-Hollân. It doarp leit oan de Ofslútdyk op it eardere Waadeilân en de eardere gemeente Wieringen noardlik fan de Wieringermar.
Den Oever hat 2.290 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Den Oever is nei Hippolytushoef it grutste doarp fan it eardere eilân Wieringen. Yn de tiid doe't de Waadsee ûntstie lei it gebiet allinne oer it easten oan iepen wetter. Nei't de Waadsee en Sudersee grutte iepen wetterflaktes foarmen wie Den Oever heal waad heal iepen wetter. De wetterkant, dy't likernôch by Easterlân lei, ferskode yn 'e rin fan de 14e en 15e iuw stadichoan en sa ûnstiene nije plakjes, lykas Den Oever.
It doarp waard foar it earst neamd yn 1432 as ten Oisterlande op 't Oever - "by Easterlân op 'e Ouwer" - en dus de doarpsnamme betsjut gewoan "De Ouwer".[2] Den Oever woeks dêrnei út ta in fiskersdoarp oan 'e Sudersee.
Troch de oanwaaks fan it plak en de haven yn de 20e iuw waard it âldere buorskip Ald-Gest yn it doarp opnommen. Tsjin 'e ein fan dy iuw groeide ek De Gest troch nijbou oan Den Oever fêst.
Mei tank oan 'e haven hat it doarp in soad horeka. It doarp hat lykwols gjin tsjerke. De 16e-iuwske Gasthûskapel wie om 1960 hinne brekfallich woarn en waard doe oerbrocht nei it Suderseemuseum fan Inkhûzen om dêr wer opboud te wurden.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De haven
- Nôtmûne De Hoop (1675)
- Jitizeren fjoertoer út 1885. De toer stiet net mear op it oarspronklike plak.
- It Fiskerijmonumint út 2005 oan de havendyk. It monumint betinkt de fiskers dy't harren libben lieten en is makke troch de Wieringer byldhouwer Hans Blank (1952-2019).
- Ofslútdyk mei de Stevinslûzen
- De ferdigeningswurken dy't foar de Twadde Wrâldkriich oanlein binne. Om't de stellings by Koarnwertersân de Wehrmacht mei súkses kearden hawwe de stellings by Den Oever gjin rol fan belang spile.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de râne is yn in modern gebou it 'Vinkinginformatiecentrum' (VIC) ûnderbrocht. De besikers komme yn it ynformaasjesintrum yn 'e kunde mei de iermidsiuwske skiednis, fral mei de Wytsings, dy't Wieringen yn de 9e iuw foar in skoft as útfalsbasis brûkten. In diel fan it museum giet oer de geology.
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Floara- en Fiskerijdagen: ein augustus of begjin septimber.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Filla Nieuwland
- Fiskerijmonumint Wieringen op 'e havendyk fan Den Oever (2005)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Gemeente Hollâns Kroan | ||
|---|---|---|
| Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • De Haukes • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
| Utbuorrens: De Belt • Dam • De Elft • Gelderske Buorren • De Gest • De Heid • De Hoelm • Hollebalg • Kleine Sluis • Kreil • Moerbeek • De Normer • Noord-Stroe • Noordburen • Noorderbuurt • Oosterklief • Poolland • Smerp • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief • Zandburen | ||
