De Onvermoeide
De Onvermoeide | ||
![]() | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | Raamsdonksveer | |
adres | Hoevendijk 1 | |
koördinaten | 51°41'N 4°52'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 25 m | |
boujier | 1890, 1974 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | gemeente | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 32295 | |
Kaart | ||
De Onvermoeide is nôt- en bastmûne oan 'e Hoevendijk yn it Noard-Brabânske plak Raamsdonksveer. It is in grutte rûne stiennen stellingmûne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1890 hie Raamsdonksveer gjin wynmûne. Der wie wol in hynstemûne. De Onvermoeide is de iennige oerbleaune mûne fan 'e twa mûnen dy't tagelyk tichteby inoar boud waarden. De oare mûne wie de Zeldenrust en is yn 1991 ôfbrutsen. De Onvermoeide wie eigendom fan 'e famylje Martens út Waspik, dy't al yn 1900 op motorkrêft meallen en sûnt 1908 mei in elektromotor. Al foar de Twadde Wrâldkriich stie de mûne stil.
Yn 1944 eksplodearre in granaat op 'e souder fan 'e mûne, intjinge in soad skea feroarsake. Yn 1947 waard de mûne ôfbrutsen en it duorre oant de ein fan 'e jierren 1960 dat der in restauraasjeplan makke waard. De ûnderdielen foar de restauraasje kamen fan in ôfbrutsen mûne út Rijen, dy't better pasten yn De Onvermoeibare as yn 'e mûne Zeldenrust. De gemeente kocht De Onvermoeide yn 1970 oan en de restauraasje waard yn 1974 foltôge. Nei de restauraasje begûn de mûne wer te draaien, en sa út en troch ek te meallen. De mûne wie yn 2008 sa min, dat it draaien langer net ferantwurdlik wie en doe is de mûne stilset. Yn 'e jierren 2011-2012 folge wer in restauraasje en op 1 septimber 2012 is de mûne fannijs yn gebrûk nommen.
De Onvermoeide hat in flecht fan 25 meter en de roeden binne âld-Hollânsk ophekt. De stelling is 9 m heech.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|