De Morgenster (Ljouwert)

Ut Wikipedy
De Morgenster
Lokaasje
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Frijheidsplein 1
koördinaten 53° 12' N 5° 48' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Grifformearde Tsjerken frijmakke
Arsjitektuer
arsjitekt Klaas Klamer, Ljouwert
boujier 2004
Webside
Side fan de Morgenster
Kaart
De Morgenster (Ljouwert)
De Morgenster

De Morgenster oan it Frijheidsplein is de tsjerke fan 'e Grifformearde Tsjerken frijmakke yn Ljouwert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur fan de frijmakke tsjerke, Ljouwert.

De tsjerke waard yn 2004 neffens it ûntwerp fan 'e Ljouwerter arsjitekt Klaas Klamer boud. Foar dy tiid tsjerkten de frijmakke grifformearden yn 'e Noardertsjerke oan 'e Grutte Tsjerksstrjitte, dy't ea fan de synodale grifformearden oernommen wie en op 1 july 1999 oan 'e Fryske Akademy oerdroegen waard.[1]

De frijmakke gemeente yn Ljouwert ûnderhâldt nauwe bannen mei de Kristlik-Grifformearde gemeente, dy't harren tsjerke oan de Huzumerleane hat.[2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan De Morgenster is út de Noardertsjerke ôfkomstich en waard yn 1894 troch Bakker & Timmenga foar de Grifformearde Tsjerke yn 1894 boud. De oargelkas is in ûntwerp fan 'e Ljouwerter arsjitekt W.C. de Groot. Yn 2005 waard it instrumint troch Bakker & Timmenga nei de nije tsjerke oerbrocht.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. lirias.kuleuven.be (PDF)
  2. cgkleeuwarden.nl
  3. Vijf eeuwen Friese Orgelbouw, Jan Jongepier, ISBN90 330 1199 9 / CIP