De Moer
| De Moer | ||
| Earder pleatske oan 'e Middelstrjitte. | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 685 (2024) [1] | |
| Oerflak | 6,36 km² | |
| Befolkingsticht. | 107 ynw./km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51° 37' N 5° 00' E | |
| Kaart | ||
De Moer is in doarp yn 'e Noard-Brabânske gemeente Loon op Zand. Op 1 jannewaris 2024 hie De Moer 685 ynwenners.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Moer is neamd nei de feangrûn, dy't hjir foarkaam en de dêrtroch ûntstiene turfwinning.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't it doarp yn 'e 14e iuw stifte waard, is De Moer lyts bleaun. It leit op in krúspunt en hat wat lintbebouwing. It duorre oant 1894 dat De Moer in selsstannige parochy en doe ôfskieden waard fan dy fan 'e parochy Loon op Zand. Yn dy tiid krige it doarp in eigen (need)tsjerke, dy't letter ferfongen waard troch de hjoeddeiske neogoatyske tsjerke.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjoch: Sint-Joachimtsjerke (De Moer) en Sint-Joachimtsjerke. foar de haadartikels oer dit ûnderwerp.
Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Moer leit foar in grut part yn in agrarysk gebiet op earder feanlân. Yn it easten is de grûn heger en sânich. Dêr leit it lângoed Huis ter Heide mei droege bosken (nullebeammen en Amerikaanske ikebeammen) en feanen. Dat lângoed grinzget yn it noardeasten oan 'e Loonse en Drunense Duinen en yn it noarden oan it Loonsche Land.
Plakken yn 'e buert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bianca Mastenbroek, skriuwster.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Moer spilet in wichtige rol yn 'e Nederlânsk-Flaamske dramasearje "Als de dijken breken". De gemeente Loon op Zand soe in kustgemeente wêze as de diken echt brekke soene. Yn 'e searje funksjonearret De Moer as hinnekommen foar minsken út 'e oerstreamde stêden. Bianca Krijgsman en Frank Lammers spylje in echtpear út De Moer. De opnames waarden lykwols earne oars makke.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
