Springe nei ynhâld

De Middelste Mûne (Cabauw)

Ut Wikipedy
Middelste Mûne
mûne / mole
lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
plakCabauw
adresLopikerweg West 106
koördinaten51°57' N 4°52' E
bysûnderheden
type mûnewipmûne
funksjepoldermûne
flecht27.2 m
boujier1773
oare ynformaasje
eignerStifting De Utertske Mûnen
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer26240
Webside
cabauwsemolen.nl
Kaart
De Middelste Mûne (Utert)
De Middelste Mûne

De Middelste of Twadde Mûne is in wipmûne west fan it doarp Cabauw yn 'e provinsje Utert.

De mûne waard yn 1773 boud nei it útbaarnen fan syn foargonger. Oant 1962 hat de mûne it wetterskip Lopik, Lopikerkapel en Zevenhoven op wynkrêft bemealle. Oarspronklik die de mûne dat tegearre mei de Foarste en de Efterste Mûne. Fan dy trije mûnen waard de Foarste Mûne as earste yn 1933 ôfbrutsen en ferfongen troch in diselgemaal, dat noch jimmeroan bestiet. De Efterste Mûne hold it langer fol en waard pas yn 1961 ôfbrutsen.

Yn 1962 waard de oerbleaune Middelste Mûne troch it setten fan in reserve-diselgemaal oerstallich. De mûne bleau allinne foar need noch stean. Sûnt 1992 meallet de mûne allinne noch yn sirkwy. Yn 1993, 2004, 2007 en 2020 fûnen der restauraasjes plak. It wjukkekrús bestiet noch út twa potroeden mei in lingte fan goed 27 m, dy útrist binne mei Aldhollânsk hekwurk mei silen. De mûne slacht it wetter út mei in skeprêd. Yn 'e ûndertoer is noch in orizjinele wente ûnderbrocht, dy't bewust net restaurearre is.

De mûne is mealree en tanksij frijwilligers tige regelmjittich yn bedruw. Eigner fan 'e mûne is de Stifting De Utertske Mûnen, in ûnderdiel fan It Utertske Gea.

Foar de mûne krewearret de freonestifting Vrienden van de Cabauwse Molen. Dy stifting hat him û.o. ynset foar de werbou fan 'e yn 1990 ôfbrutsen simmerwente by de mûne. Troch û.o. bydragen fan 'e Europeeske Uny koe dat projekt útfierd wurde. Yn 'e simmer fan 2012 waard útein set mei de werbou.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:De Middelste Molen (Cabauw)