De Lytse Jonker

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Lytse Jonker
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flag of Opsterland.svg Opsterlân
plak Jonkerslân vlag.svg Jonkerslân
bysûnderheden
type bouwurk doarpshûs
boujier 20e iuw

De Lytse Jonker is it doarpshûs fan it Fryske doarp Jonkerslân, yn 'e gemeente Opsterlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Lytse Jonker wie oarspronklik de legere skoalle en letter de basisskoalle fan Jonkerslân, dy't begjin tweintichste iuw boud waard. It doarp krige foar it earst in mienskipssintrum doe't yn 'e 1970-er jierren it pleatslike kafee tichtgie, en yn it gebou dêrfan in doarpshûs mei de namme Us Doarpshûs makke waard. Nei mear as tritich jier trouwe tsjinst wie dat ta oan in flinke opknapbeurt, en yn 2012 waarden dêr de earste plannen foar belein.

Doe't lykwols op 25 juny 2014 de basisskoalle, skean foar Us Doarpshûs oer, nei mear as in iuw de doarren slute moast fanwegen in weromrinnend tal learlingen, waard it roer omsmiten. Men ornearre dat it âlde skoallegebou in better (want jonger) en rommer doarpshûs wurde koe. Ek logistyk wie it handiger, mei't fuort njonken de skoalle de saneamde Smûke Hoeke leit, in fjild dêr't in protte bûtenaktiviteiten yn Jonkerslân plakfine. As de skoalle it doarpshûs waard, soene bern by sokke barrens net mear de wei hoege oer te stekken. De Gemeente Opsterlân, de eigner fan it skoalgebou, gie sûnder altefolle beswieren akkoart, en ferkocht net De Lytse Jonker, mar Us Doarpshûs, dat ferboud wurdt ta wenhûs.

De ferbouwing fan De Lytse Jonker ta doarpshûs koste omtrint 300.000, wêrfan't de mienskip fan Jonkerslân in oansjenlik part sels opbrocht mei bingojûnen, flesse-aksjes en dartskampioenskippen. Begjin 2016 waard boppedat op De Gordyk in pop-up store mei de namme Loppis iepene, dêr't it doarp ferkocht wat de ynwenners sels ynbrochten. Dy aksje allinnich al smiet €15.000 op.Underwilens kaam in bouploech fan Jonkerslanners moannen efterinoar eltse sneon yn aksje om sels de ferbouwing fergees en yn 'e frije tiid út te fieren. Al mei al kaam dat op sa'n 6.500 manoeren. It nije doarpshûs wie oan 'e ein fan 'e simmer fan 2017 klear en waard sûnt septimber fan dat jier brûkt, mar de offisjele iepening wie pas op 9 juny 2018.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Elting, Wilbert, Heel Jonkerslân werkte mee aan nieuw dorpshuis, yn: de Ljouwerter Krante, 6 juny 2018, s. 26.