Springe nei ynhâld

De Lebbenbrugge

Ut Wikipedy
De Lebbenbrugge
  museum
De Lebbenbrugge yn 1949
De Lebbenbrugge yn 1949
Lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
GemeenteFlagge fan Berkelland Berkelland
plakFlagge fan Borculo Borculo
adresLebbenbruggedijk
koördinaten52° 06' N, 6° 29' E
Algemiene gegevens
typeIepenloftmuseum
wurkmêdIt boerelibben yn East-Gelre fan foar 1900
oprjochting1934
Offisjele webside
lebbenbrugge.nl
Kaart
De Lebbenbrugge (Gelderlân)
De Lebbenbrugge
De lokaasje fan it museum yn Gelderlân

De Lebbenbrugge is in iepenloftmuseum yn it bûtengebiet fan Borculo; it museum is yn 1934 oprjochte.

Let yn de midsiuwen wie de hjoeddeiske Lebbenbruggedijk in hessewei, in wichtige hannelsrûte dy't fan de hannelsstêden yn Dútslân ôf, oer de Hânzestêden Sutfen en Dimter nei Utert en Amsterdam laten. Borculo lei destiids noch yn it gebiet dêr't de biskop fan Münster it gesach fierde. By de brêge oer de Lebbinkbeek, it hjoeddeistige rivierke de Slinge, passearren de hannelers de grins nei Gelre, it hjoeddeistige Gelderlân. Dêrom de namme Lebbenbrugge.

De pleats dy't dêr stie waard troch de hearen fan Borculo brûkt as útfalsbasis foar de jacht. Fanwegen de hannel oer de Hessewei en in protte oare passanten waard de Lebbenbrugge letter ek in tolhûs. Mei de ynkomsten út dizze tolheffing waarden ûnder oare de hannelswei en de brêge ûnderholden. Om't dy hannelers en reizgers fansels ek har rêst nedich hiene, krige de Lebbenbrugge letter ek de funksje fan herberch.

Oer de bewenners fan de Lebbenbrugge is net in protte bekend, mar fan healwei 18e iuw ôf wurdt de Lebbenbrugge bewenne troch pachters; boerefamyljes. De pleats is troch de iuwen hinne wierskynlik meardere keaaren restaurearre en oanpast, mar doe't begjin 1900 de lêste bewenners ôfsetten, wie it in fertutearze gebou. Dizze fertutearze Lebbenbrugge is doe opkocht en opknapt troch de Meester Hendrik Willem Heuvelstichting. Yn 1934 wurdt de karakteristike 16e/17e iuwske pleats mei syn opmerklike boustyl, nei in yntinsive renovaasje, offisjeel as museum iepene. It museum is fan begjin april oant ein oktober iepen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Iepenloftmusea yn Nederlân
    Fryslân
    De Spitkeet · It Damshûs · 't Fiskershúske
    Nederlân
    Achterhoeksk Iepenloftmuseum · Archeon · Aviodrome · Bourtange · Boerenbondsmuseum · De Locht · De Lebbenbrugge · Eynderhoof · Ellert en Brammert · Het Hoogeland · Kaap Skil · Nederlânsk Iepenloftmuseum · Orientalis · Museum Oud-Oosterhout · Iepenloftmuseum Ootmarsum · Orvelte · preHistorisch Dorp · Suderseemuseum · Saanske Skâns · Feanpark
    · · Berjocht bewurkje