Springe nei ynhâld

De Hors

Ut Wikipedy

De Hors wie in sânplaat súd en west fan Teksel. Foar 1749 wie it in loslizzende plaat, skieden fan de fêstewâl fan it eilân troch it Spanjertsgat. Trochdat hieltiid mear sân fêstholden waard troch de plaat waaks dy yn dat jier fêst. Dêrmei wie fan it Spanjertsgat allinnich in dea ein oer: De Mokbaai. It oanwinnen fan it sân hold lykswols net op: Op de De Horst foarmen harren hieltiid mear dúnen, en yn de 20e ieu woeks in fierdere plaat, de Unrêst, oan De Hors fêst.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: