De Hoop (Rotterdam)
| De Hoop | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | Súd-Hollân | |
| plak | Rotterdam | |
| koördinaten | 51°55' N 4°28' E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | stellingmûne | |
| funksje | nôtmûne | |
| flecht | 27,25 m | |
| boujier | 1736 | |
| sloopjier | 1920 | |
| Kaart | ||
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foargonger fan De Hoop stie bekend as de "De Roode Molen" en wie op de Heer Jan Vettentoer boud, in standermûne dy't as funksje nôt- en iikmûne hie. De mear as 30 m hege De Noord waard yn 1736 troch Gerrit van Driel op dat plak boud.
De mûne wie in tige hege mûne, noch heger as de mûnen fan Skiedam en neffens de Mûnedatabase op it stuit fan ôfbrekken de heechste mûne fan it lân. Under yn 'e mûne wie yn 't lêst in winkeltsje foar produkten fan 'e mûne.
Yn 1918 ûnteigene de gemeente de mûne, om 't dy foar it tichtsmiten fan 'e Coolvest en oanlis fan in nije wei yn it paad stie. Eigner H. Miete krige 60.000 gûne as skeafergoeding.
Yn 1920 fûn de ôfbraak fan 'e mûne plak. Yn 'e twa tuskenlizzende jierren ferhierde de gemeente de mûne noch oan 'e mûnders Stok en De Boer út Hillegersberg.
Nei de ôfbraak bleaune ek de baard en in bygebou bewarre, dy't by it bombardemint fan 1940 op 'e stêd ferlern gyngen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
