De Hoeksteen (Barneveld)

Ut Wikipedy
De Hoekstien

De Hoeksteen

Lokaasje
Provinsje Gelderlân
plak Barneveld
adres Vellerselaan 1
koördinaten 52° 7'N 5° 35' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Grifformearde Gemeenten yn Nederlân
Arsjitektuer
arsjitekt Van Beijnum Architecten, Amerongen
boujier 2007-2008
Webside
Side fan De Hoeksteen
Kaart
De Hoeksteen (Gelderlân)
De Hoeksteen

De Hoekstien (Nederlânsk: De Hoeksteen) yn it Gelderske doarp Barneveld is in tsjerke fan de Grifformearde Gemeenten yn Nederlân en ien fan de grutste tsjerkegebouwen fan Nederlân.

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't de âlde tsjerke fan 'e gemeente te lyts waard, waard yn 2007 útein set mei de bou fan in megatsjerke yn de nije Barneveldse wenwyk Veller. De nijbou koe yn septimber 2008 yn gebrûk nommen wurde.

De tsjerke telt 2.500 sitplakken en heart dêrmei ta de grutste tsjerken fan it lân. Sintraal stiet de preekstoel mei dêr as in waaier om hinne de seal, dêr't plak is foar 1.500 minsken. De kreake jout dêrnjonken plak oan nochris 1.000 minsken en mei in pear oanpassings kinne der noch in pear hûndert plakken by .[1] By it gebou leit in parkearterrein mei 675 parkearplakken en kinne der 550 fytsen yn in kelder stalt wurde. Njonken de tsjerkeseal binne der noch seis romten foar gearkomsten.

Al nei seis jier die lykwols bliken dat de tsjerke te lyts wie foar de groeiende gemeente.[2] Ek nei't oare romten by de tsjerke lutsen wiene bleau de tsjerke te lyts. Dêrom kundige de gemeente yn febrewaris 2018 oan dat it fan doel is om yn Kootwijkerbroek in nije tsjerke te bouwen.[3]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

It yn 1981 foar de âlde tsjerke troch BAG Orgelmakers út Ynskedee boude oargel ferhûze nei it reekommen fan de nijbou nei De Hoeksteen. De ferneamde organist Willem Hendrik Zwart joech doedestiids by de bou ried en spile it op 23 desimber 1981 sels yn. Oargelmakkerij Boogaard út Rijssen fersoarge it ferhûzjen fan it ynstrumint nei de nijbou en fergrutte it mei in tredde manuaal. Ek krige it oargel in boppewurk, waard it front op 'e nij ferve en ûndergyng it front yn ferbân mei de útwreiding fan in tredde manuaal oanpassings. [4]

Twa megatsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op in lytse hûndert meter fan De Hoeksteen stiet noch in twadde tsjerke, de Adullamkerk fan de Grifformearde Gemeenten. De tsjerkegong nei beide tsjerken wie sa massaal, dat der opstoppings plak fûnen. Om ûngemakken tefoarren te kommen waard besletten de tsjinsten yn de beide nije tsjerken net tagelyk te hâlden.[5]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: