Hiemerter Mole

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "De Hiemerter Mole")
Gean nei: navigaasje, sykje
Hiemerter Mole

De Hiemerter Mole (ek:Hiemertmole), tusken Burchwert en Wytmarsum yn 'e himrik fan Wytmarsum, is in poldermole fan it type spinnekop. De mole is yn 1811 boud foar it bemeallen fan de Hiemerterpolder en hat oant 1957 de polder op wynkrêft bemeald. Yn dat jier waard yn de mole in dieselmotor ynboud. Sûnt 1969 is net mear op de wyn meald en rekke de Hiemerter yn ferfal. Yn 1973 kocht de feriening de Hollandsche Molen de Hiemerter Mole oan en liet dy restaurearje. De mole is sûnt 1988 eigendom fan Stifting De Fryske Mole. It is in ryksmonumint. De dieselmotor is der út helle en de Hiemerter bemealt no (2007) op frijwillige basis de polder. De mole is op ôfspraak te besichtigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: