Springe nei ynhâld

De Havilland Canada DHC-2 Beaver

Ut Wikipedy
De Havilland Canada DHC-2 Beaver

Rol Ferkearsfleantúch, STOL
Makker De Havilland Canada
Untwerper [[]]
Earste flecht 16 augustus 1947
Yn tsjinst 1948
Ut tsjinst Operasjoneel
Tal makke 1657 (1947–1967)
Grutste brûkers Eksploitanten fan bushfleantugen, United States Army
Civil Air Patrol
Trochûnwikkeling de Havilland Canada DHC-3 Otter
Cockpit fan in DHC-2. Tink om de stjoerkneppel (yoke) fan 'e earste piloat, dy't ûnder de flecht oan 'e ko-piloat oerdroegen wurde kin.
In De Havilland DHC-2 Mk 3 Turbo Beavers op amfibyske driuwers yn Dryden, Ontario yn 1995

De De Havilland Canada DHC-2 Beaver (ek DHC-2 neamd) is in fleantúch mei ien motor, dat fan 1947 oant 1967 boud waard troch De Havilland Canada, de Kanadeeske dochterûndernimming fan De Havilland. It is ornearre foar koarte start- en lâningsbanen en wurdt ek as wetterfleantúch levere. Der binne yn totaal 1657 fan boud.

De standert DHC-2 Beaver is útrist mei in njoggensilinder stjermotor dy't in maksimaal fermogen fan 450 pk leveret. It lêste model, mei de namme Turbo Beaver, is útrist mei in turboprop.

De Beaver is in alsidich fleantúch dat yn benammen Kanada in ikoan wurden is fan in bush plane dy't ôfhandich lizzende plakken berikber meitsje kin. Yn 2008 is der sels in gouden Kanadeeske munt útjûn mei in ôfbylding fan dit tastel. Noch hieltyd binne grutte oantallen Beavers operasjoneel en der wurde noch altyd reserveûnderdielen foar dit type makke. [1]

In Beaver fan de Keninklike Nij-Seelandske loftmacht (RNZAF) hie in stypjende rol yn de Trans-Antarktyske Ekspedysje fan Edmund Hillary yn 1958 nei de Súdpoal.

Tekening Beaver
Parameters DHC-2 Mk. I
mei lâningsgestel
DHC-2 Mk. I
as wetterfleantúch
DHC-2 Mk. I
as amfibyfleantúch
Bemanning1
Passazjiers7
Lingte9,22 m9,98 m
Spanwiidte14,63 m
Hichte2,75 m3,18 m3,51 m
Fleugeloerflak23,2 m²
Fleugellingte9,2
Gewicht leech1360 kg1506 kg1665 kg
Maks. startgewicht2313 kg2309 kg2268 kg
Oandriuwing1 Pratt & Whitney R-985 Wasp Jr., stjermotor, 450 hk (335 kW)
Grutste faasje262 km/o243 km/o
Krúsfaasje230 km/o204 km/o
Stalfaasje
mei/sûnder lâningskleppen (flaps)
72/96 km/o
Fleanberik
sûnder/mei Tip Tanks
732 km/1190 km652 km/1053 km
Tsjinstplafond5500 m

Ferlykbere fleantugen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Rossiter, Sean The Immortal Beaver: The World's Greatest Bush Plane. Vancouver: Douglas & McIntyre, 1999 ISBN 1-55054-724-0