De Feniks (Ljouwert)

Ut Wikipedy
De Feniks
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Valeriusstraat 2-1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1960
sloopjier 2018
arsjitekt Bom en Ingwersen

De Feniks (offisjeel: De Fenix) wie in protestanske tsjerke yn Ljouwert. Yn 2012 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst en yn 2016 ferkocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Glês-yn-leadraam yn De Feniks fan Jan Murk de Vries

De Feniks waard yn 1960 njonken de Pelikaantsjerke boud as grifformearde tsjerke fan Ljouwert-west.[1].

Yn ferbân mei it byinoar gean fan de grifformearde Fenikswyk mei de herfoarme Goede Herdergemeente en it ôfstjitten fan de Goede Herdertsjerke waard de Fenikstsjerke yn 2002 noch ferboud en útwreide. It oargel fan de Goede Herdertsjerke, yn 1957 boud troch de orgelboufirma Flentrop út Saandam, waard troch oargelbedriuw Bakker & Timmenga ferhûze nei de ferboude Fenikstsjerke.[2] De ferbouwing koste doedestiids € 222.000 en it risseltaat wie in ljochte en moderne romte mei nije stuollen dy't sirkelfoarmich opsteld stiene rjochting it liturgyske sintrum.[3]

Net lang nei de ferbouwing kundige de Algemiene Tsjerkeried fan de Protestanske Tsjerke yn Ljouwert de sluting fan in tal tsjerken yn Ljouwert oan. It beslút om alle eardere grifformearde tsjerken ôf te stjitten brocht in soad opskuor yn tsjerklik Ljouwert. Foar De Adelaar en De Feniks betsjutte it beslút dat op snein 20 maaie 2012 de lêste earetsjinst holden waard.[4]

De ôfbraak fan De Feniks (juny 2018)

Ynearsten wie it it doel om it oargel fan De Feniks nei de yn 2014 ferboude De Fontein oer te bringen, mar fanwegen de klank waard der úteinlik besletten it oargel fan De Adelaar te ferhûzjen nei De Fontein.

De Protestanske Gemeente Ljouwert liet yn novimber 2016 witte dat de Fenikstsjerke ferkocht wie en dat de eardere tsjerke nei alle gedachten ôfbrutsen wurde soe.[5][6] Yn 2018 waard de tsjerke sloopt om plak te meitsjen foar in appartemintekompleks. Allinne de liedklok bleau bewarre.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: