De Boarn
De Boarn is in rivier yn Fryslân, dy't rint fan Bakkefean oant Jirnsum. Eartiids rûn De Boarn foarby Raerd dêr't er útkaam yn de Middelsee. De Boarn waard eartiids ek wol Borne, Bornde, Bordine en Burdine neamd. De namme komt wierskynlik fan it wurd 'boarne'.
Rin fan De Boarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Boarn sa't dy der no hinne leit begjint by Bakkefean yn de gemeente Opsterlân. De rivier rint yn krinkels nei it westen oant er, net fier fan Terwispel, fia de Skipsleat nei de Nije Feart laat wurdt. De bopperin wurdt Alddjip of Keningsdjip neamd. It Ferbiningskanaal tusken it Alddjip by Heidehuzen en de Alddrait betsjutte in grutte ferbettering fan de ôfwettering yn dy kriten.
De middenrin rûn earder oer Warniahuzen en Easterboarn nei Aldeboarn. De âlde rin fan de rivier giet, mei underbrekkings, fierder oant er by Nij Beets in oare Skipsleat krúst. Yn in kanalisearre foarm, en mei in ûnderbrekking, rint De Boarn as it 'Alddjip' fierder oant de rivier tegearre komt mei it Nije Djip, de ferlinging fan de Nije Feart.
Fan dêr rint de rivier as de "De Boarn" fierder nei it westen, troch Aldeboarn, nei Nes en Akkrum. Tusken dizze twa doarpen is De Boarn yn 1993 yn in nij bêd lein, dat fia it Leppe-akwadukt oer de A32 giet.
Yn Akkrum hat de rivier twa earms: de Alde Boarn, dy't troch de binnenbuorren rint, en de Nije Boarn, dy't dêr oan de noardkante omhinne lein is. Oan de westkant fan it doarp komme de earms wer byelkoar en fan dêr giet de rivier as de Krûme Knilles nei Aldskou. Hjir krúst de âlde rin fan de rivier it Prinsesse Margrietkanaal en giet as it Rak fan Ungemak by Jirnsum lâns, nei de Jirnsummersyl. Mar hjir rint it wetter al sûnt de oanlis fan de Alde Wjittering krekt de oare kant út.
Foarby de syl hjit de âlde rin fan De Boarn de Mûzel, en giet sa fierder nei Raerd.
Foarby Raerd kaam de Boarn út yn de Middelsee. Faak wurdt oannaam dat De Boarn hjir oarspronklik nei it noarden draaide, en dat de Middelsee fan oarsprong de slenk wie dêr't De Boarn troch nei it noarden rûn, nei de Waadsee. It soe ek kinne dat doe't de Middelsee noch net sa grut wie, De Boarn fierder gong nei it westen, en fia de Marneslinke yn de Waadsee út kaam. Yn dat gefal is de Middelsee earst de ûnderrin fan De Boarn wurden doe't de ferbining tusken dy twa ta stân kaam.
Yn alle gefallen lizze tusken Skylge en it Amelân it Borndjip en it Bornrif, dat der hat dúdlik in tiid west dat De Boarn hjir yn de Noardsee út kaam.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de hân fan de geologyske kaarten fan de Ryks Geologyske Tsjinst en de Bosatlas fan 1939 hjirûnder de skiednis fan De Boarn:
Ungefear 10.500 jier lyn kaam de see oant it hjoeddeiske Beetstersweach. De Boarn streamde besuden Beetstersweach de see yn.
Ungefear 7000 jier lyn wie der in ynham tusken Skylge en Flylân, mei besuden de strânwâl in lytser waad mei in strook fean de iggen bylâns. Dy ynholte rûn, rjochting Beetstersweach, by heechwetter ûnder. Op it súdlikste punt fan dy ynham mûne de Boarn út.
Ungefear 4.300 jier lyn wie dy útholte ferbrede en útdjippe oant de Middelsee, mei klaai bylâns it wetter en in feanstrook oan de lânside, tusken Aldeboarn en Beetstersweach. By Akkrum rûn dy klaaistrook yn noardlike rjochting. Dêrom bûcht De Boarn hjir no noch nei it noarden ta ôf. Doe kaam de Boarn oer Jirnsum, by Raard yn de Middelsee út.
Om 1200 hinne wie de Middelsee safier tichtslike dat der foar De Boarn in ôfwetteringskanaal nei de Snitser Mar groeven wurde moast.
Slach oan de Boarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de iere Midsiuwen hat oan De Boarn by Jirnsum in fjildslach west tusken de Friezen en de Franken, de Slach oan de Boarn.
Plakken oan De Boarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnster Ie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eastlik fan Bakkefean (bûten de Fryske grins) moat earder ek noch de Boarnster Ie rûn ha. Dat wie fan de 16e oant de 19e iuw. Dat rivierke waard doe ek wol Swarte Ryt neamd.