De Bende van de Blauwe Hand

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Bende van de Blauwe Hand wie in Nederlânske keunstnersgroep út Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bende van de Blauwe Hand waard 1965 oprjochte fan de direkteur fan de kunstnijverheidsschool, letter Akademy Vredeman de Vries, Paul Panhuysen. De direkte oanlieding wie in skeel op de akademy tusken in foarútstribjende groep laat fan Panhuysen en de meast behâldende bestjoerders en dosinten fan de oplieding.[1] Ek de ûnfrede by in groep fan jonge Fryske keunstners oer it brekme oan mooglikheden foar nije keunstfoarmen yn Fryslân spile in rol.

It iennige plak dat romte foar fernijing bea wie gallery De Blauwe Hand fan Josum Walstra yn Harns. Oan de namme fan de gallery en fan it pân dêr't dy húsmanne ûntliende de keunstnersgroep syn namme. Op 30 juny 1965 waard dêr de earste eksposysje fan de groep iepene, in eksposysje dy't yn de Fryske keunstwrâld in 'ierdskok' feroarsake[2]. Yn de Ljouwerter Krante fan 7 july 1965 ferskynde in artikel mei de kop "Onverwachte Friese explosie van experimentele kunst".[3]

De groep wie no net drekt Frysk oriïntearre; de bining yn de groep hie útsluting troch de fêstige keunstelite fan Fryslân as oarsaak. De groep joech in eigen periodyk út, BlaBla, wêrfan't trije nûmers ferskynden. Bûten Fryslân eksposearre de groep ûnder mear yn Al Veka yn De Haach en by Waalkens yn Finsterwolde.[4] Polityk oppenearre de groep him troch it útbringen fan in Keunstnota, dêr't yn pleite waard foar oerheidsfinansierring fan keunsthuzen, mei De Blauwe Hand yn Harns as foarbyld.[5] Yn 1967 presintearre de groep in ferskaat oan foarmen fan situaasjekeunst yn het Haachsk Gemeentemuseum, in presintaasje dy't troch it Vrije Volk "een zuiver geplaatste kopstoot" neamd waard.[6] Harren opfiering fan in 'swarte mis' yn Maastricht soarge ek foar opskuor.[7]

Yn 1969 wie der foar it lêst in presintaasje fan de groep mei de "eksposisie van de familie Boomsma" yn de skouboarch fan Eindhoven. Guon kritisy sizze dat it bestean fan de Bende van de Blauwe Hand te koart duorre hat om fan wiere betsjutting foar de Fryske keunstwrâld west hawwe te kinnen. Oaren wize op de trochbrek dy't de groep bewurkmastere hat foar de moderne keunst yn Fryslân en op it foarbyld dat se oan oare keunstners jûn hawwe.

Leden fan de groep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Mous, Huub De kleur van Friesland: beeldende kunst na 1945, útj. Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2008

Noaten

  1. Mous 2008:92
  2. Mous 2008:94
  3. Ljouwerter Krante d.d. 7 july 1965: Onverwachte Friese explosie van experimentele kunst
  4. Ljouwerter Krante d.d. 15-1-1966: Bende van Blauwe Hand wroet dynamisch voort: in Stal Waalkens in Finsterwolde
  5. Ljouwerter Krante d.d. 23 desimber 1965: Kunstnota aan minister en volksvertegenwoordigers: Bende van de Blauwe Hand in Den Haag
  6. Mous 2008:96
  7. Mous 2008:97