Springe nei ynhâld

David Burke (Britsk akteur)

Ut Wikipedy
David Burke
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne25 maaie 1934
berteplakLiverpool
stoarn10 maaie 2026 (91 jier)
jierren aktyf1963–2018
offisjele webside
IMDb-profyl

David Burke (Liverpool, 25 maaie 193410 maaie 2026) wie in Ingelske akteur, bekend fan syn rol as dr. Watson yn The Adventures of Sherlock Holmes, mei Jeremy Brett yn de titelrol. [1] Dêrneist is er yn Nederlân bekend fan de Klene-reklames, wêryn't er Johannes Coenradus Klene spile.

Burke gie nei de Royal Academy of Dramatic Art. Yn it teäter spile er de rol fan Niels Bohr yn Michael Frayn syn Copenhagen. Tegearre mei Frayn skreau er Celia's Secret: An Investigation (2000). Neist syn rol fan Watson wie er te sjen as Jozef Stalin yn de Britske telefyzjesearje Reilly, Ace of Spies en de John Wyndham ferfilming Random Quest.

Hy ferskynde mei syn soan, Tom Burke, yn 'e BBC-adaptaasje fan 2006 fan it spoekferhaal fan M.R. James, Number 13. Mei syn frou, Anna Calder-Marshall sile er yn 'e koarte film Only the Lonely út 2018.

Priveelibben

Burke troude mei Anna Calder-Marshall. Harren soan, Tom Burke, is ek akteur. Burke stoar yn de âlderdom fan 91 jier. [2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Obituary - Edward Hardwicke", 17 maaie 2011. Oproppen op 23 desimber 2015.
  2. David Burke – Our Dr Watson (1934–2026) (14 maaie 2026). Oproppen op 14 May 2026.