Springe nei ynhâld

David Burghley

Ut Wikipedy
David Burghley
sporter
David Burghley (1928)
David Burghley (1928)
persoanlike bysûnderheden
echte namme David George Brownlow Cecil Burghley,
6e Markies fan Exeter
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 9 febrewaris 1905
berteplak Stamford
stjerdatum 22 oktober 1981
stjerplak Stamford
etnisiteit Ingelsk
lingte 1.80 m
gewicht 70 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Horderinnen
O.S. Parys 1924,
Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1928,
Sulver grut sulver 1x Olympyske Spullen 1932

David George Brownlow Cecil Burghley, 6e Markies fan Exeter (Stamford, 9 febrewaris 1905 - Dêre, 22 oktober 1981) wie in Ingelsk atleet.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1924, 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, op de 400 meter horden mei in Olympysk rekôr fan 53.4 sekonden, fjouwer jier letter yn Los Angeles wûn hy sulver op de 4x400 meter estafette mei Crew Stoneley, Tommy Hampson en Godfrey Rampling.

Nei syn sportkarriêre bleau Burghley belutsen by de sport. Sa wie er 40 jier presidint fan de Amateur Athletic Association, 30 jier presidint fan de IAAF en 48 jier lid fan it YOK. Ek wie er foarsitter fan it organisearjende komitee foar de Olympyske Simmerspullen fan 1948.

Burghley hat twa kear boaske west. Earst mei Lady Mary Montagu-Douglas-Scott, in dochter fan John Montagu-Douglas-Scott, 7. Hartoch fan Buccleuch. Nei't dat houlik op 'e non rûn wie boaske er Diana Henderson, in pakesizzer fan Alexander Henderson, 1. Baron Faringdon.
David Burghley ferstoar op 31 augustus 1977, yn 'e âldens fan 76 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN
  • [hhttps://www.olympedia.org/athletes/68929 Olympedia, David Burghley Riedplachte op 6-3-2025]