Springe nei ynhâld

Dauryske staar

Ut Wikipedy
Dauryske staar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiAziatyske glânsprotters (Agropsar)
soarte
Agropsar sturninus
Pallas, 1776
IUCN-status:

De Dauryske staar (Agropsar sturninus) is in fûgel út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae) yn it skaai fan 'e Aziatyske glânsprotters (Agropsar). De fûgel krige syn namme fan Dauria, in histoaryske en geografyske regio yn East-Sibearje en Noardeast-Aazje.

De Dauryske staar is in lytse prottersoarte mei in lingte fan likernôch 18 oant 19 sintimeter. Folwoeksen mantsjes hawwe in opfallende grize kop en boarst, mei in donkere, hast swarte, lytse flek op 'e efterkant fan 'e kop (de krún). De rêch en de wjukken binne donkerpears oant grienich glânzjend, mei in opfallende ljochte, wite bân op 'e wjukken. De búk is ljochtgriis oant wyt. Wyfkes en jonge fûgels binne wat doffer fan kleur; hja hawwe in mear brúngrize rêch en misse de sterke glâns fan 'e mantsjes. De snaffel is koart en donker, en de poaten hawwe in grieneftige oant grize kleur.

Dizze soarte is in trekfûgel dy't briedt yn it easten fan it Palearktysk gebiet. It briedgebiet rint fan it easten fan Mongoalje en it suden fan Sibearje (Ruslân) oant it noardeasten fan Sina en Noard-Koreä. Yn 'e hjerst lûkt de Dauryske staar nei it suden ta om te oerwinterjen. De oerwinteringsgebieten lizze yn Súdeast-Aazje, wêrûnder yn Maleizje, Singapoer, Yndoneezje (Sumatra en Java) en it suden fan Tailân. As dwaalgast wurdt de fûgel ek wolris fierder westlik of yn Europa sjoen.

De Dauryske staar libbet benammen yn iepen bosken, boskrânen, lânbougebieten en minsklike omjouwings lykas tunen en parken, faak yn 'e buert fan wetter. It binne sosjale fûgels dy't bûten it briedseizoen om yn grutte swarmen libje, faak tegearre mei oare prottersoarten.

Se ite in soad ynsekten (lykas rûpen, kevers en eamels) dy't se op 'e grûn of tusken de beammen fange. Dêrneist ite se ek in soad fruit, beien en nektar. It brieden bart yn natuerlike beamholtes, âlde nêsten fna spjochten of ûnder dakpannen fan gebouwen. It wyfke leit meastentiids tusken de 4 en 6 blau-griene aaien.

De Dauryske staar hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en de populaasje liket stabyl te wêzen. De soarte rint gjin grutte direkte risico's op útstjerren. Dêrom stiet de fûgel op de Reade List fan 'e IUCN klassifisearre as net bedrige.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: