Dauryske ka
| Dauryske ka | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Coloeus dauuricus | ||||||||||||
| Pallas, 1776 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Dauryske ka (Coloeus dauuricus) is in sjongfûgel út 'e famylje kriefûgels (Corvidae). De Dauryske ka is nau besibbe oan 'e by ús foarkommende ka.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt likernôch 32 sm en ferskilt net fan formaat as de ka. It wichtichste ferskil is it fearrekleed. In soad, mar net alle fûgels, ha in brede ljochte kraach en grutte ljochte dielen oan 'e ûnderkant. De kop, kiel, wjukken en sturt binne glânzjend swart en de eardekfearren binne griis. Donkerdere folwoeksenen en jonge fûgels lykje op westlike kaën, mar in ferskil is wol dat, oars as de griiswite irissen fan 'e gewoane ka, Dauryske kaën swarte irissen hawwe. De iennige oare bûnte krie yn 'e selde regio is de Sineeske halsbânkrie (Corvus torquatus), mar dy fûgel is folle grutter en kin eins net betize wurde mei de Dauryske ka.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Dauryske ka libbet fan it súdlike diel fan eastlik Sibearje, súdlik oant Mongoalje en troch in grut part fan Sina. Yn it noarden fan syn ferspriedingsgebiet trekt er winterdeis nei it suden. It is in seldsume wintergast yn Koreä en Japan . Der binne in pear waarnimmings út West-Europa, lykas ek yn Nederlân. It habitat bestiet út iepen bosk, rivierdellings, iepen heuvels en bergen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dauryske kaën binne sosjale fûgels, dy't faak yn kombinaasje mei roeken sjoen wurde. It iten is fergelykber mei dat fan 'e by ús bekende ka en bestiet út nôt, ynsekten, beien, aaien, aas en ek plúzje se ûntlesting út as der noch wat fan harren gading is. Se briede leafst yn holtes fan beammen, spjalten fan rotsen of op gebouwen. De aaien binne lykas dy fan 'e gewoane ka.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasjegrutte is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt as lokaal gewoan omskreaun en de populaasje soe stabyl wêze. Hy stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

